CITES

From Wikipedia, the free encyclopedia

CITES
Remove ads

CITES is in multylateraal ferdrach dat rjochte is op 'e beskerming en preservearring fan bedrige biste- en plantesoarten troch beheinings te stellen oan of hielendal it near te lizzen op 'e ynternasjonale hannel yn sokke bisten en planten of dielen fan sokke bisten en planten. "CITES" is in ferkoarte akronym dat stiet foar Convention on International Trade in Endangered Species of Wild Fauna and Flora ("Konvinsje oangeande Ynternasjonale Hannel yn Bedrige Soarten Wylde Floara en Fauna"). It ferdrach waard oarspronklik opsteld as gefolch fan in resolúsje dy't yn 1963 oannommen waard op in gearkomste fan 'e Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan 'e Natoer (IUCN). It ferdrach waard yn 1973 sletten en trêde op 1 july 1975 yn wurking.

Thumb
It logo fan CITES.
Remove ads

Leden

Anno 2025 binne hast alle lannen en territoaria fan 'e wrâld lid fan CITES. Utsûnderings binne steaten mei beheinde erkenning dy't net lid binne fan 'e Feriene Naasjes, lykas Taiwan, Palestina, Kosovo, de Westlike Sahara, Abgaazje, Súd-Osseesje en Transnistrje. Dêropta is der noch in hantsjefol algemien erkende lannen dy't (noch) gjin lid is. Dêrby giet it om: East-Timor, it Fatikaan, Haïty, Kiribaty, de Marshalleilannen, de Federearre Steaten fan Mikroneezje, Naurû, Noard-Koreä, Súd-Sûdaan en Tûvalû. De measte ôfhinklike gebieten falle foar it ferdrach ûnder harren memmelân; sa fertsjintwurdigje de Feriene Steaten ek û.m. Porto Riko en Amerikaansk-Samoä, wylst Frankryk ek û.o. Martinyk, Gûadelûp en Frânsk-Polyneezje fertsjintwurdiget. De ôfhinklike territoaria fan it Feriene Keninkryk, lykas Man, Bermuda en de Falklâneilannen, binne op eigen titel lid. De Fêreu-eilannen, in selsbestjoerend oerseesk gebietsdiel fan Denemark, is gjin lid fan CITES, wylst Grienlân, it oare selsbestjoerende oerseeske gebietsdiel fan Denemark, dat wol is. Njonken lannen en territoaria is ek ien organisaasje, de Jeropeeske Uny, lid fan CITES.

Remove ads

Taheakken

Under CITES genietsje mear as 40.900 soarten, ûndersoarten en populaasjes fan bedrige bisten en planten beskerming. Elts dêrfan is opnommen yn ien fan 'e trije taheakken fan it ferdrach.

  • De bisten en planten dy't opnommen binne yn Taheakke III genietsje beskerming yn teminsten ien lân. Dat lân moat foar opnimming fan dat bist of dy plant yn Taheakke III de oare leden fan CITES frege hawwe om 'e hannel yn (dielen fan) dat bist of dy plant te regulearjen. Inkele foarbylden binne Hoffmans twafingerige loaiert (Choloepus hoffmanni), oanfrege troch Kosta Rika, de sitatûnga (Tragelaphus spekii), oanfrege troch Gana, en de Afrikaanske sivetkat (Civettictis civetta), oanfrege troch Botswana.
  • De bisten en planten dy't opnommen binne yn Taheakke II wurde noch net daliks bedrige mei útstjerren, mar de ynternasjonale hannel yn dy bisten en planten moat al strang beheind wurde om foar te kommen dat it dy kant útgiet. Inkele foarbylden binne de Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus), de wite haai (Carcharodon carcharias) en Amerikaanske ginseng (Panax quinquefolius).
  • De bisten en planten dy't opnommen binne yn Taheakke I wurde direkt mei útstjerren bedrige. Kommersjele ynternasjonale hannel is strang ferbean en foar net-kommersjele hannel (bygelyks tusken dieretunen, foar fokprogramma's) jilde strange betingsten en moatte dreech te besetten fergunnings oanfrege wurde. Foarbylden binne de reuzepanda (Ailuropoda melanoleuca), de tiger (Panthera tigris) en de readskonkdûk (Pygathrix nemaeus), in apesoarte.
Remove ads

Amendeminten en feroarings

Amendeminten oan 'e konvinsje moatte stipe wurde troch in twatrêde mearderheid fan 'e leden. Sokke feroarings yn it ferdrach kinne foarsteld en oannommen (of ôfwiisd) wurde op in CoP (Conference of the Parties, oftewol "Konferinsje fan 'e Leden"), dy't om 'e trije jier holden wurdt. Ek kinne nije soarten, ûndersoarten en populaasjes foarsteld wurde foar opname yn ien fan 'e taheakken, wylst soarten, ûndersoarten en populaasjes dy't al opnommen binne, tusken de taheakken ferskood wurde kinne of hielendal út 'e taheakken skrast wurde kinne, salang't dêr genôch stipe foar is. By it opnimmen fan in nije soarte, ûndersoarte of populaasje of binnen 90 dagen nei it ratifisearjen fan 'e konvinsje troch in nij lid kin der in foarbehâld makke wurde oangeande ien of mear bisten en planten. Bekende foarbehâlden binne bygelyks dy fan Iislân, Noarwegen en Japan oangeande bleinwalfisken en dat fan Saûdy-Araabje oangeande falken.

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads