Carmel Moore

From Wikipedia, the free encyclopedia

Carmel Moore
Remove ads

Carmel Moore, echte namme: Nasrin Danielle Alavi (Eastbourne, 19 juny 1985), is in rêstend Britsk fotomodel, neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan Iraansk komôf, dy't ek wol gebrûk makke fan 'e artystenamme Nasrin Carmel Moore. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m, mei in gewicht fan 51 kg. Se hat in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien.

Fluch de feiten
Remove ads

Libben

Moore is hikke en tein yn it stedsje Eastbourne, oan 'e Ingelske súdkust, yn it greefskip East-Susseks. Op har achttjinde sette se útein mei in karriêre as fotomodel, en doe't it dêrmei op 'e non rûn, begûn se earst te posearjen foar neakenblêden, en yn 2005, doe't se tweintich jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Net folle letter krige se de kâns om mei te dwaan oan in realityprogramma oer Britske fammen dy't besochten troch te brekken yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Hja ferfear dêrfoar nei de Feriene Steaten, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. It programma wie in flop, mar Moore wist yn Amearika yndie troch te brekken.

Yn har seisjierrige pornokarriêre spile se, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD), yn totaal yn 105 films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Digital Playground, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Elegant Angel, Pure Play Media en Third Degree Films. Ek wurke se wol foar pornosites op it ynternet, lykas Brazzers en Muffia. Yn 2007 wûn se de UK Adult Film and Television Award, de wichtichste Britske pornografypriis, yn 'e kategory bêste aktrise. Yn 2011 loek se har út 'e pornoyndustry werom.

Remove ads

Prizen en nominaasjes

Mear ynformaasje Jier, Priis ...

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads