Deborah Kerr

From Wikipedia, the free encyclopedia

Deborah Kerr
Remove ads

Deborah Kerr (útspr.: [kɑː(ɹ)], likernôch: "kaa(r)"; folút: Deborah Jane Kerr-Trimmer; Glasgow, 30 septimber 1921Botesdale, 16 oktober 2007) wie in Britsk aktrise fan Skotsk komôf, dy't yn 'e 1940-er en 1950-er jierren in ynternasjonale karriêre opboude mei films as The Life and Death of Colonel Blimp, King Solomon's Mines, Quo Vadis?, The Prisoner of Zenda, Young Bess, From Here to Eternity, Heaven Knows, Mr. Allison en An Affair to Remember. Yn 1956 waard har in Golden Globe takend foar har rol yn The King and I, en hoewol't se nea in Oscar wûn, waard se seis kear nominearre foar in sa'n priis yn 'e kategory bêste aktrise, mear as hokker oare aktrise ek. Uteinlik ûntfong se yn 1994 in eare-Oscar foar har hiele oeuvre.

Fluch de feiten
Remove ads

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Kerr waard yn 1921 berne yn in sikehûs yn 'e Skotske stêd Glasgow, as de dochter fan kaptein Arthur Charles Kerr-Trimmer en dy syn frou Kathleen Rose Smale. Har heit wie in feteraan út 'e Earste Wrâldoarloch, dy't yn 'e Slach oan 'e Somme in skonk ferlern hie, en letter yngenieur waard. Se hie in jongere broer dy't Edmund ("Teddy") hiet en sjoernalist waard. Hy kaam yn 2004 om by in gefal fan ferkearsagresje. Kerr brocht de earste trije jier fan har libben troch yn Helenburgh, ûnder de reek fan Glasgow, dêr't har âldelju by har pake en beppe ynwennen.

Thumb
Kerr yn 'e film Black Narcissus, út 1947.

Kerr genoat har leger ûnderwiis oan 'e ûnôfhinklike Northumberland House School yn it Ingelske Bristol, en oan 'e Rossholme School yn Weston-super-Mare. Oarspronklik learde se foar balletdûnseresse, en yn 1938 makke se datoangeande har debút yn in foarstelling yn it Sadler's Wells Theatre. Har earste aktearleararesse wie har muoike Phyllis Smale, dy't yn Bristol de Hicks-Smale Toanielskoalle runde.

Aktearkarriêre

Toaniel

Kerr stie foar it earst op 'e planken yn 1937, yn Weston-super-Mare, as mymspylster yn it stik Harlequin and Columbine. Nei't se ferskate lytse roltsjes hân hie yn Shakespeare-produksjes yn it iepenloftteäter yn it Londenske Regent's Park, joech se har yn 1940 by it toanielselskip fan it Oxford Playhouse. Yn 1943 makke se mei 21 jier har debút yn it Londenske West End, en hie dêr grut súkses. Neitiid gie se mei har selskip op toernee troch Ingelân en Skotlân, en tsjin 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch spile se ek foar Alliëarde troepen yn Nederlân, Belgje en Frankryk. Yn 1953 stie se foar it earst op Broadway, mei de haadrol yn it stik Tea and Sympathy, dêr't se mei nominearre waard foar in Tony Award. Letter yn har karriêre kearde se yn 1972 werom nei it West End, en yn 1973 op Broadway. Hoewol't se nea har plankekoarts ferlear, bleau toaniel altyd har earste leafde.

Thumb
Deborah Kerr yn Young Bess, út 1953.

Films

Har earste filmrol hie Kerr yn 'e Britske film Contraband, út 1940, mar by de montaazje waard har sêne út 'e úteinlike ferzje knipt. Har optredens yn har twa folgjende Britske films, Major Barbara en Love on the Dole (beide út 1941) waarden lykwols goed ûntfongen. Dêrnei spile se yn Hatter's Castle en, as Noarske fersetsstriidster, yn The Day Will Dawn (beide út 1942). Fral dy lêste film wie in grut súkses, en Kerr waard troch it Britske bioskooppublyk keazen ta populêrste nasjonale filmstjer. Yn 1943 spile se trije ferskillende froulju yn 'e biografyske film The Life and Death of Colonel Blimp. Hoewol't it Britske Leger wegere en wurkje oan dy produksje mei, en ek al miende Winston Churchill dat de film it oarlochsmoreel fan it Britske folk oantaaste soe, dochs waard Colonel Blimp in trochslaand súkses.

Tsjin dy tiid begûn Kerr derop te stean dat har namme útsprutsen wurde moast as [kɑː(ɹ)] (ynstee fan 'e gongberder útspraak [kœː(ɹ)] (lykas cur, dat "strjithûn" of "rotsak" betsjut). De Amerikaanske filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer (MGM) begûn har dêrom letter oan te priizgjen mei de slogan ''Kerr rhymes with Star!" ("Kerr rymt op Stjer!"). Kerr kaam ûnder de oandacht fan MGM troch har rol as in beswierde non yn Black Narcissus, út 1947, dy't ek yn 'e Feriene Steaten súksesfol wie. Fanwegen har Britsk-Ingelske aksint en har nei Amerikaanske mjitstêven deftige hâlden en dragen waard se yn Hollywood yn 'e iene nei de oare rol cast as in ferfine en reservearre Ingelske dame, lykas yn Edward, My Son (1949), dêr't se har earste Oscar-nominaasje mei yn 'e wacht sleepte. Sels hie se net in soad aardichheid oan sokke rollen, en dêrom griep se eltse kâns ta oarsoartige optredens oan. Sadwaande wie se te sjen yn û.m. King Solomon's Mines (1950), in aventoerefilm dy't op lokaasje yn Afrika opnommen waard; yn it religieuze epos Quo Vadis? (1951); en yn 'e remake fan The Prisoner of Zenda (1952). Yn 1952 spile Kerr ek yn twa harkspullen op 'e radio.

Thumb
Deborah Kerr yn An Affair to Remember (1957).

Yn 1953 fertolke Kerr de rol fan Catherine Parr yn it kostúmdrama Young Bess, oer de jonge jierren fan 'e Ingelske keninginne Elizabeth I (spile troch Jean Simmons). Datselde jiers spile se ek de rol fan 'e sensuele Karen Holmes, in ferbittere frou fan in militêr, as tsjinspylster fan Burt Lancaster yn 'e film From Here to Eternity, wêrfoar't se har twadde Oscar-nominaasje krige. Dêrnei hie Kerr de rollen foar it útkiezen, en spile se in ûnderdrukte troude frou yn The End of the Affair (1955), in non yn Heaven Knows, Mr. Allison (1957, as tsjinspylster fan har goede freon Robert Mitchum), in memmepopke yn Separate Tables (1956), in Australyske skieppeboerinne yn The Sundowners, en in gûvernante yn sawol The Innocents (1961) as The Chalk Garden (1964).

Guon fan Kerr har bekendste rollen hie Kerr as de gûvernante Anna Leonowens yn 'e tsjinst fan 'e kening fan Siam yn 'e musicalferfilming The King and I (1956), en as tsjinspylster fan Cary Grant yn An Affair to Remember (1957). Hja waard op 'e nij nominearre foar in Oscar foar bêste aktrise foar har rollen yn The King and I, Heaven Knows, Mr. Allison, Separate Tables en The Sundowners. Foar har optreden yn The King and I wûn se de Golden Globe yn 'e kategory bêste aktrise yn in filmmusical of -komeedzje.

Thumb
Kerr mei Robert Mitchum yn Heaven Knows, Mr. Allison, út 1957.

Yn 1967 hie Kerr in rol yn 'e James Bond-parody Casino Royale, in produksje fan Columbia Pictures dy't net ta de James Bond-kanon fan Eon Productions heart. Kerr hie dêrby de twifelige ear om, mei 46 jier, de âldste Bond-girl ea te wêzen. Yn 1969 stimde se der ûnder druk fan 'e hieltyd jongere konkurrinsje yn ta om in neakensêne te dwaan yn 'e film The Gypsy Moths; dat wie de iennichste neakensêne fan har hiele wurkpaad. Mei't se almar minder ynteressante rollen oanbean krige, en der hieltyd mear fraach nei neakenens yn films wie, besleat Kerr oan 'e ein fan 'e jierren sechstich om op te hâlden mei filmwurk, en har ynstee ta te lizzen op tillefyzje en toaniel. Hoewol't se nea in Oscar wûn, hat se mei seis nominaasjes yn 'e kategory bêste aktrise noch altyd in rekôr op dat mêd. Yn 1994 waard har foar har hiele oeuvre in eare-Oscar takend, nei't se yn 1991 ek al in eare-BAFTA ûntfongen hie.

Tillefyzje

Yn 'e earste helte fan 'e jierren tachtich wûn Kerr nije populariteit mei har tillefyzjewurk, û.m. mei har rol as ferpleechster yn 'e tillefyzjefilm Witness for the Prosecution (1982). Letter wurke se mei har âlde freon Robert Mitchum gear oan Reunion at Fairborough. Fierders spile se yn 1985 de tycoon Emma Harte yn 'e minysearje A Woman of Substance. Foar dat lêste optreden waard se nominearre foar de Emmy Award yn 'e kategory treflike byrol fan in aktrise yn in beheinde searje. Yn 1986, doe't se 65 jier wie, hold Kerr op mei aktearjen.

Thumb
Deborah Kerr yn The Sundowners, út 1960.

Priveelibben

Kerr hie yn 1943 nei't it skynt in relaasje mei Michael Powell, ien fan 'e produsinten fan 'e film The Life and Death of Colonel Blimp. De boarne foar dat ferhaal is Powell syn autobiografy; Kerr sels hat dêr nea wat ta- of ôfdien. Dizze relaasje soe op 'e klippen rûn wêze doe't Kerr nei Hollywood gie.

Yn elts gefal troude Kerr twaris, de earste kear op 29 novimber 1945 mei Anthony Bartley, in Britske oarlochsheld en ofsier by de Britske loftmacht RAF. Mei him krige Kerr twa dochters: Melanie Jane (1947) en Francesca Ann (1951), dy't letter trouwe soe mei de akteur John Shrapnel. Kerr har earste houlik wie problematysk, mei't Bartley oergeunstich wie op har ferneamdheid en finansjele súkses. Harren houlik einige yn 1959 dan ek yn in skieding. Op 23 july 1960 wertroude Kerr mei de skriuwer Peter Viertel, wêrmei't se ek de styfmem waard fan dy syn dochter Christine.

Thumb
Kerr har stjer op 'e Hollywood Walk of Fame.

Kerr wenne jierrenlang yn it Switserske Klosters en it Spaanske Marbella, mar nei geraden dat har sûnens minder waard sette se har wer yn Grut-Brittanje nei wenjen, om tichter by har dochters te wêzen. Peter Viertel bleau lykwols yn Marbella.

Ferstjerren

Kerr ferstoar op 16 oktober 2007 yn it doarp Botesdale, yn it Ingelske greefskip Suffolk, oan 'e gefolgen fan 'e sykte fan Parkinson. Hja waard 86 jier. Har man Peter Viertel stoar op 4 novimber fan dat jier, minder as trije wiken letter, oan kanker. Kerr leit begroeven op it tsjerkhôf fan Alfold, yn it greefskip Surrey.

Remove ads

Filmografy

Mear ynformaasje jier, titel ...
Remove ads

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads