Drinte

From Wikipedia, the free encyclopedia

Drinte
Remove ads

Drinte (Nederlânsk: Drenthe) is in provinsje fan Nederlân en waard oprjochte yn 1814. Drinte hat 506.612 ynwenners (1 jannewaris 2025, boarne: CBS) en in oerflak fan 2.680 km².

Fluch de feiten
Remove ads

Geografy

Drinte grinzet yn it noarden oan de provinsje Grinslân, yn it easten oan Dútslân, yn it suden oan de provinsje Oerisel en yn it westen oan de provinsje Fryslân.

Thumb
Drinte (2019)

It grutste part fan de provinsje is op it saneamde Drents Plateau, dat bestiet út mei sân bedutsen grint - en sânôfsettings út de foarlêste iistiid. Drinte leit yn it noardeasten fan it lân.

It sintrale en justsjes heger lizzend diel fan 'e provinsje wurdt foarme troch sângrûnen. Dêr binne it eskdoarpelânskip mei brinkdoarpen, esken, heidefjilden te finen en yn 'e beekdellingen lizze de greidlannen. De legere dielen oan 'e grinzen fan de provinsje besteane út feangrûn. Yn 'e midsiuwen begûn de turfwinning, healwei de tweintichste iuw wie it dien mei de turfwinning. Yn it fruchtbere en goed ûntwettere lânbougebiet dat troch de turfôfgravingen ûntstie waard lânbougrûn.

Twa gebieten binne noch net yn kultuer brocht: de Bargerfean yn it uterste súdeasten fan Drinte en it Fochtelerfean yn it noardwesten op de grins mei Fryslân. Drinte is fierders bekend om syn wide heidegebieten en keppels skiep. It natoerbehear leit foar in part by natoerorganisaasje Het Drentse Landschap.

Remove ads

Untwikkeling ynwennertal

  • 1850 – 83.000
  • 1900 – 149.000
  • 1960 – 311.000
  • 1980 – 418.000
  • 2000 – 470.000
  • 2020 – 494.000
  • 2025 – 507.000

Gemeenten

Drinte bestiet sûnt 1998 út 12 gemeenten.

  1. Aa en Hunze
  2. Assen (haadstêd)
  3. Borger-Odoorn
  4. Coevorden
  5. Emmen
  6. Hoogeveen
  7. Meppel
  8. Midden-Drinte
  9. Noardenfjild
  10. Tynaarlo
  11. Westerfjild
  12. De Wolden
Thumb
Gemeenten in Drinte

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads