From Wikipedia, the free encyclopedia
De Earste Kamer is ien fan de twa parten fan de Steaten-Generaal. De Earste Keamer is fral dwaande mei de technyske kanten fan wetsûntwerpen: past de wet yn de gearhing mei oare wetten en is de wet deeglik. De Keamer hat ien sittingsdei yn 'e wike en hat 75 sitten.
De Earste Keamer kin in wetsûntwerp goed- as ôfkarre, de ryksbegrutting goed- as ôfkarre, in debat mei in minister oanfreegje en in parlemintêre enkête hâlde. In lid fan de Earste Keamer kin ek noch de minister oanskriuwe mei fragen.
De Earste Keamer wurdt keazen troch alle Provinsjale Steaten, binnen trije moannen nei de ferkiezings dêrfan. Dat kiezen fan de Earste Keamer giet mei woegen stimmen: foar alle provinsjes wurdt útrekkene hoefolle ynwenners in lid fan dy Provinsjale Steaten nei ferhâlding fertsjinwurdiget.
De Keamer is yn 1815 ynsteld, trochdat de Steaten-Generaal opsplitst waard yn twa keamers. Oarspronklik waarden alle lidden beneamd troch de kening, mar sûnt 1848 wurde hja keazen troch de Provinsjale Steaten. Oant 1956 hie de Keamer 50 sitten. Oant 1983 wie de sittingstiid foar in lid seis jier, wêrby alle trije jier de helte fan de Keamer op 'e nij keazen waard.
De senatoaren kieze foar de doer fan in sittingsperioade in foarsitter út har fermidden. De foarsitter fan de Earste Keamer is ek de foarsitter fan de Verenigde Vergadering fan de beide Keamers fan Steaten-Generaal. Yn dy funksje sit de Earste Keamerfoarsitter ûnder oare de plechtichheden op Prinsjesdag foar.
Fan 2 july 2013 oant 11 juny 2019 siet VVD'er Ankie Broekers-Knol de Earste Keamer foar. Sy folge Fred de Graaf op dy't ôfgie neidat opskuor ûntstien wie by it útoefenjen fan syn taak as foarsitter fan de Feriene Gearkomste by de ynhuldiging fan kening Willem-Alexander yn april 2013. Op 2 july 2019 keas de Earste Keamer Jan Anthonie Bruijn (VVD) as har foarsitter.
Gearstalling 2023-2027:[1]
██ Koälysjepartij
Politike partij | Sitten | Fraksjefoarsitter [2] | Opmerkings |
---|---|---|---|
BoerBoargerBeweging (BBB) | 16 | Ilona Lagas | |
GrienLinks (GL) - Partij fan de Arbeid (PvdA) | 14 | Paul Rosenmöller | |
Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy (VVD) | 10 | Edith Schippers | |
Kristen Demokratysk Appèl (CDA) | 6 | Theo Bovens | |
Demokraten 66 (D66) | 5 | Paul van Meenen | |
Partij foar de Frijheid (PVV) | 4 | Marjolein Faber | |
Partij foar de Dieren (PvdD) | 3 | Niko Koffeman | |
Sosjalistyske Partij (SP) | 3 | Rik Janssen | |
KristenUny (CU) | 3 | Tineke Huizinga | |
JA21 | 3 | Annabel Nanninga | |
Steatkundich Grifformearde Partij (SGP) | 2 | Peter Schalk | |
Foarum foar Demokrasy (FVD) | 2 | Johan Dessing | |
Volt Nederlân (Volt) | 2 | Gaby Perin | |
50PLUS (50+) | 1 | Martin van Rooijen | |
Unôfhinklike Polityk Nederlân (OPNL) | 1 | Auke van der Goot | |
Totaal | 75 | ||
Totaal koälysjepartijen | 24 | ||
Ferkiezings fan de Earste Keamer sûnt 1991:[3]
Politike partij | Ofkoarting | Sitten 2023 | Sitten 2019 | Sitten 2015 | Sitten 2011 | Sitten 2007 | Sitten 2003 | Sitten 1999 | Sitten 1995 | Sitten 1991 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
BoerBoargerBeweging | BBB | 16 | ||||||||
GrienLinks | GL | 14 ¹ | 8 | 4 | 5 | 4 | 5 | 8 | 4 | 4 |
Partij fan de Arbeid | PvdA | 14 ¹ | 6 | 8 | 14 | 14 | 19 | 15 | 14 | 16 |
Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy | VVD | 10 | 12 | 13 | 16 | 14 | 15 | 19 | 23 | 12 |
Kristen Demokratysk Appèl | CDA | 6 | 9 | 12 | 11 | 21 | 23 | 20 | 19 | 27 |
Demokraten 66 | D66 | 5 | 7 | 10 | 5 | 2 | 3 | 4 | 7 | 12 |
Partij foar de Frijheid | PVV | 4 | 5 | 9 | 10 | |||||
Partij foar de Dieren | PvdD | 3 | 3 | 2 | 1 | 1 | ||||
Sosjalistyske Partij | SP | 3 | 4 | 9 | 8 | 12 | 4 | 2 | 1 | |
KristenUny ² | CU | 3 | 4 | 3 | 2 | 4 | 2 | 4 | 2 | 2 |
Rjocht Antwurd 21 | JA21 | 3 | ||||||||
Steatkundich Grifformearde Partij | SGP | 2 | 2 | 2 | 1 | 2 | 2 | 2 | 2 | 2 |
Foarum foar Demokrasy | FVD | 2 | 12 | |||||||
Volt Nederlân | Volt | 2 | ||||||||
50PLUS | 50+ | 1 | 2 | 2 | 1 | |||||
Ûnôfhinklike Polityk Nederlân / Ûnôfhinklike Senaatsfraksje | OPNL / OSF | 1 | 1 | 1 | 1 | 1 | 1 | 1 | 1 | |
List Pim Fortuyn | LPF | 1 | ||||||||
Algemiene Aldere Ferbûn | AOV | 2 | ||||||||
Totaal | 75 | 75 | 75 | 75 | 75 | 75 | 75 | 75 | 75 |
¹ 2023: GL + PvdA = 14 sitten
² 1991-1999: GPV + RPF
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.