Eichstätt (Landkreis)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
De lânkring Eichstätt is in bestjoerlik distrikt yn 'e Dútske dielsteat Beieren. De lânkring waard yn syn hjoeddeistige foarm yn 1972 oprjochte. Eichstätt is de Große Kreisstadt fan 'e lânkring.
Remove ads
Gemeenten
De lânkring Eichstätt bestiet út 30 gemeenten. Twa dêrfan binne in stêd en alve in Markt. Yn it noarden fan 'e lânkring leit in lyts, net gemeentlik yndield gebiet.

|
Oare gemeenten
|
Verwaltungsgemeinschaften
De lânkring hat fjouwer saneamde Verwaltungsgemeinschaften*. Tusken heakjes steane de oansletten gemeenten.
- Verwaltungsgemeinschaft Eichstätt (dielnimmende gemeenten: Pollenfeld, Schernfeld en Walting (sit yn Eichstätt).
- Verwaltungsgemeinschaft Eitensheim (dielnimmende gemeenten: Böhmfeld en Eitensheim).
- Verwaltungsgemeinschaft Nassenfels (dielnimmende gemeenten: Adelschlag, Egweil en Markt Nassenfels).
- Verwaltungsgemeinschaft Pförring (dielnimmende gemeenten: Mindelstetten en Oberdolling en Markt Pförring).
(*) In Verwaltungsgemeinschaft (bestjoersmienskip) yn Beieren is in gearwurking fan oan inoar buorjende gemeenten fan 'e selde lânkring, wêrby't de gemeenten polityk selsstannich bliuwe. In Verwaltungsgemeinschaft fiert publike taken út om se foar de dielnimmende gemeenten better út te fieren. Sa'n Verwaltungsgemeindschaft wurdt troch leden út de dielnimmende gemeenten fertsjintwurdige (yn 'e regel in boargemaster en in gemeenteriedslid). It gemeentekantoar fan 'e Verwaltungsgemeinschaft fersoarget de administraasje en ûnderstipet de dielnimmende gemeenten.[2]
Remove ads
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads