Embryo
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
In embryo (fan it Grykske ἔμβρυον, émbryon, dat "jonge [persoan]" betsjut) is it ierste stadium fan 'e ûntjouwing fan in mearsellich organisme. It byhearrende eigenskipswurd is embryonaal. By planten wurdt dizze libbensfaze bestudearre yn 'e plantemorfology en de plante-anatomy. By bisten is de embryology de tûke fan 'e wittenskip dy't de embryogeneze (groei fan it embryo) bestudearret.

Remove ads
Untwikkeling
By organismen dy't harsels op geslachtlike wize fuortplantsje, foarmet it embryo it diel fan 'e libbenssyklus dat begjint fuort nei de befruchting fan 'e (froulike) aaisel troch de (manlike) siedsel.
De út 'e befruchting resultearjende ferraning fan dy beide sellen produsearret in iensellige sygoate dy't in protte seldielings ûndergiet. Dêrút komme sellen fuort dy't blastomearen neamd wurde. De blastomearen (it fjouwersellich stadium) binne organisearre yn in solide bol. Wannear't dy bol troch de oangeande seldielings in beskate grutte berikt, oantsjut as in morula (it sechstjinsellich stadium), nimt er floeistof yn om in holte te kreëarjen dy't in bastokoel hjit. De hiele struktuer wurdt dan in blastula neamd, of by sûchdieren in blastosyste.
De blastosyste nêstelet him yn 'e limoerslymflues, de wand fan it limoer. Dêr giet de ûntwikkeling fan it embryo fierder fia de stadia fan gastrulaasje, neurulaasje en organogeneze. By de gastrulaasje wurde de trije kymlagen foarme, dêr't alle dielen fan it lichem har út ûntjouwe. By de neurulaasje wurdt it senuwstelsel foarme, en by de organogeneze ûntwikkelje har de ûnderskate organen troch it proses fan seldifferinsjaasje.
By minsken wurdt ornaris oant de de njoggende wike nei de befruchting sprutsen fan in embryo; dêrnei hat men it oer in foetus, hoewol't der tusken dy beide stadia gjin dúdlik ûnderskie bestiet. By oare mearsellige organismen wurdt de term "embryo" yn bredere sin brûkt oan 'e berte of it útkommen fan it aai ta.
Remove ads
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads
