Evrim Akyigit
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
Evrim Akyigit (útspr.: ['ɛvrim 'ɑkjiɡit], likernôch: "evrym akjigyt"; Izmir, 31 jannewaris 1977) is in Turksk-Nederlânsk aktrise fan etnysk Turksk komôf. Se is fral bekend wurden troch har rol yn 'e soapsearje Onderweg naar Morgen.
Remove ads
Libben en karriêre
Akyigit waard yn 1977 berne yn 'e Turkske stêd Izmir, mar emigrearre yn 1982, doe't se fiif jier wie, mei har âlden nei Nederlân, dêr't se opgroeide.
Nei't se de HAFU ôfmakke hie, waard Akyigit foar twa seizoenen cast yn in rol as learlinge oan 'e middelbere skoalle yn 'e tillefyzjesearje Fort Alpha. Neitiid hie se noch in pear lytse roltsjes by Teleac en yn it programma In de Praktijk, foar't se har ynskriuwe liet oan 'e toanielskoalle yn Arnhim.
Doe't se yn juny 2004 har diploma helle hie, waard Akyigit al rillegau frege om it Turkske personaazje Elif Özal te spyljen, yn 'e soapsearje Onderweg naar Morgen. Dy rol ferfolle hja oant 2007. Ek wie Akyigit te sjen yn 'e NCRV-rige Levenslied.
Remove ads
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads