Fergiftiging
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
Fergiftiging is in term dêr't alle effekten ûnder beflapt wurde dy't har foardogge nei't giftige stoffen yn it lichem fan in organisme yntrodusearre wurde. De stoffen dy't fergiftigingsferskynsels feroarsaakje, wurde oantsjut as fergif, of yn 'e wittenskiplike sin as toksinen. De yntroduksje fan giftige stoffen yn it lichem kin plakfine troch se troch te slokken, te ynhalearjen, te ynjektearjen of se op te nimmen troch de hûd hinne. De dêrút fuortkommende effekten berinne in wiid ferskaat fan mar kwealk merkber oant de dea, en hoege net needsaaklikerwize as negatyf ûnderfûn te wurden (nikotine, alkohol en drugs binne ek giftige stoffen). De tûke fan 'e wittenskip dy't ûndersyk docht nei giftige stoffen en hokfoar effekten oft dy op libbene organismen hawwe, is de toksikology.

Remove ads
Metoaden
Rekreätyf
Beskate foarmen fan rekreätive selsfergiftiging binne yn 'e measte minsklike kultueren algemien akseptearre, mar wurde ornaris net as fergiftiging oantsjut. In foarbyld is de ynname fan bier, wyn en sterke drank, wêryn't alkohol sit (of eins etanol). Dat is in giftige stof dy't by de measte minsken in eufoaryske roes feroarsaket, hoewol't guon lju der lulk en ferkeard fan wurde (fan wa't dan sein wurdt dat se in "kweadronk" hawwe). Immen dy't ûnder alkohoalyske ynfloed ferkeart, is dronken. Alkoholynname kin net folle kwea as men it net al te faak en net al te gek docht. Oanhâldend alkoholgebrûk kin liede ta alkoholisme (ferslaving oan alkohol) en ta sykten as leversiroaze. Troch oermjittich alkoholgebrûk ("komasûpen") kinne de fergiftigingsferskynsels sasear oanboazje dat men yn koma rekket en komt te ferstjerren.

Oare foarmen fan rekreätive selsfergiftiging binne it smoken fan tabak, wêrby't de giftige stof nikotine is, en it gebrûk fan drugs. Smoken feroarsaket mar hiel mylde fergiftigingsferskynsels, en om't de nikotine mei de reek yn- mar ek wer útazeme wurdt, trêdzje de ferskynsels pas op as de opname de dêropfolgjende útskieding foldwaande oertreft om boppe de symtoomdrompel út te kommen. Smoken wie yn 'e tweintichste iuw oer frijwol de hiele wrâld lange tiid folslein akseptearre, mar rekket sûnt de 1990-er jierren wat langer wat mear yn it ferdomhoekje omreden fan 'e gefolgen op 'e lange termyn, wêrfan't in sterk ferhege kâns op longkanker it wichtichste is. It brûken fan drugs is net algemien akseptearre, hoewol't it gebrûk fan softdrugs, yn 't bysûnder fan marihûana, hieltyd mear ynboargere rekket. Dat is net folle skeadliker as it smoken fan tabak, mar harddrugs, lykas heroïne en kokaïne, kinne by in oerdoazis maklik ta in deadlike selsfergiftiging liede.
By fersin
By fergiftiging (fan minsken) giet it neffens in Amerikaansk ûndersyk fan it National Poison Data System út 2020 yn 76,9% fan 'e gefallen om bleatstelling by fersin. Dêrby is de brûker him dus wol bewust fan 'e giftigens fan 'e stof, mar giet der wat mis. Yn it meastepart fan 'e gefallen giet it dan om it ynnimmen fan 'e ferkearde medisinen of it ynnimmen fan in ferkearde (te hege) doazis medisinen. Mar ek pestisiden en lânbougif kinne by ferkearde tapassings (bgl. as men te min beskermjende klean of gjin gasmasker draacht) it lichem binnenkringe en op termyn fergiftigingsferskynsels feroarsaakje. Sa is anno 2025 bekend dat jierrenlange bleatstelling oan lânbougif liedt ta in sterk ferhege kâns op 'e sykte fan Parkinson. Sa'n fergiftiging troch gif dat foar oare organismen bedoeld is, wurdt sekundêre fergiftiging neamd.
Yn in oare mar oanbesibbe kategory giet it om ûnferwachte bleatstellings. Dêrby is de brûker him ûnbewust fan 'e giftigens fan 'e stof(fen) dêr't er mei omgiet. Ek komt it foar dat minsken ûnbewust fergiftige wurde troch stoffen wêrfan't se de oanwêzigens net fermoedzje, lykas wannear't se yn 'e neite fan in fabryk wenje dy't giftige stoffen loazet, of boppe-op in âlde jiskebulte dêr't giftige stoffen bedobbe lizze. Ta de kategory ûnferwachte bleatstelling hearre ek de gefallen fan fergiftiging mei natuerlike toksinen dy't foarkommen yn skimmels (poddestuollen), planten en bisten, lykas de kleverige knolamanyt (Amanita virosa), it giftich piipkrûd (Conium maculatum) en de njirre (Vipera berus) en oare gifslangen.

Opsetlik
Opsetlike fergiftiging fan oare dingen as minsken komt foar by it gebruk fan lânbougif en pestisiden, dy't rjochte binne tsjin ûnkrûd, resp. ûngedierte, d.w.s. planten en bisten dy't har op plakken bejouwe dêr't minsken har net hawwe wolle of dy't dingen dogge dy't minsken net sinnigje. Opsetlike fergiftiging fan minsken komt net folle foar, en kin yndield wurde yn trije kategoryen: oarlochfiering, selsmoard en moard.
Yn 'e Earste Wrâldoarloch waard fergiftiging foar it earst grutskalich tapast yn 'e oarlochfiering, troch de ynset fan senuwgassen en oare gifgassen besteande út gemysk ûntwikkele toksinen dy't spesifyk tsjin minsken rjochte wiene. Oer it algemien liedt it ynazemjen fan sokke stoffen ta ferlammingsferskynsels yn it hiele lichem, wêrby't ek de organen ophâlde mei wurkjen, mei as gefolch de dea. Nei ôfrin fan 'e Earste Wrâldoarloch waard it ynsetten fan soksoarte gemyske wapens by it Protokol fan Sjenêve ferbean. Likegoed binne se sûnt noch ferskate kearen ynset, lykas by it beruchte Bloedbad fan Halabja yn 1988, wêrby't it rezjym fan 'e Iraakske diktator Saddam Hoessein de befolking fan in hiel Koerdysk doarp ombrocht mei gifgas.
Ek by guon gefallen fan moard wurdt fergiftiging as metoade brûkt. Fan âlds waard fergiftiging yn dat ramt beskôge as in middel dat fral troch froulju brûkt waard, dy't trochdat se lichaamlik minder sterk as manlju binne by moard minder op 'e eigen fysike krêft fertrouwe soene. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard fergiftiging troch nazy-Dútslân op grutte skaal tapast by de genoside op 'e Joaden en Roma yn it ramt fan 'e Holokaust en de Porajmos. Der waarden ferneatigingskampen oanlein mei spesjale gaskeamers dêr't de minsken yn opsletten waarden, wêrnei't Zyklon B, in gifgas op basis fan syanide, nei binnen ta pompt waard. Tsjintwurdich komme gefallen fan moard troch fergiftiging mar in bytsje mear foar. By de gefallen dy't al noch besteane, wurdt faak arsenikum (rottefergif) brûkt. Yn guon lannen dy't de deastraf noch hawwe, wurdt ek dêrby fergiftiging as metoade brûkt. Sa wurde minsken dy't de deastraf krije yn 'e Feriene Steaten ynjektearre mei kaliumgloride.

Selsmoard troch fergiftiging fynt almeast plak troch it ynnimmen fan in oerdoazis medisinen.
Remove ads
Nivo fan bleatstelling
Wannear't in organisme bleatsteld wurdt oan in fergif, ûnderhâlde de symptomen in nauwe relaasje mei de graad fan bleatstelling. By akute fergiftiging wurdt in organisme yn koarte tiid ien of mear kearen bleatsteld oan in fergif en begjinne de symptomen fan 'e fergifting har binnen fjirtjin dagen nei de bleatstelling te iepenbierjen. By groanyske fergiftiging wurdt in organisme oer in folle langere perioade ferskate kearen oan it fergif bleatsteld. De symptomen ûntwikkelje har pas nei langere tiid en boazje oan oer in langere perioade dy't soms wol jierren duorje kin. Yn sokke gefallen giet it yn 'e regel om gifstoffen dy't de eigenskip ta bio-akkumulaasje of bio-magnifikaasje hawwe, en har dus yn in organisme opheapje kinne of wêrfan't de wurking troch yntroduksje yn in organisme fergrutte wurdt. Foarbylden fan sokke stoffen binne kwik, gadolinium en lead.
Remove ads
Foarsoarchsmaatregels
Oerheden de wrâld oer hawwe piktogrammen ynfierd om gefaarlike stoffen mei wer te jaan. It piktogram dat giftige stoffen werjout, is in deadskop mei in pear krúste bilbonken dêrefter, in symboal dat ferwiist nei de dea. Dat piktogram is te finen op 'e ferpakkings fan alle giftige produkten. Yn Nederlân wurdt dat oanfolle mei oare warskôgings, lykas "altyd bûten it berik fan bern hâlde". Ornaris stiet op it etiket of op in bylevere hânlieding hoe't it produkt feilich brûkt wurde kin en hoe't oan immen earste help bean wurde moat dy't dochs yn kontakt mei it gif kommen is.

Behanneling
It sykjen fan medyske behanneling nei't men (mooglik) mei gif yn kontakt kommen is, wurdt sterk oanret troch alle medyske ynstânsjes. Dêrby moat medysk personiel foarsjoen wurde fan alle beskikbere ynformaasje omtrint it gif en de fergiftiging, en teffens fan persoanlike gegevens, lykas de leeftyd en it gewicht fan 'e pasjint en oft dyselde ek oare drugs of medisinen ynnommen hat dy't mooglik ynfloed hawwe kinne op 'e wurking fan it gif. Fierders moatte de symptomen fan 'e fergiftiging ferteld wurde, hoefolle gif oft de persoan yn kwestje oer him/har hinne of binnenkrigen hat en hoelang't dat lyn is. Op dy manear jout men de behannelers de bêste kâns om 'e pasjint te helpen. Hokker behanneling troch it medysk personiel foar keazen wurdt, hinget ôf fan hokker gifstof it om giet.
Remove ads
Juridyske kwalifikaasje
Yn it gefal dat immen in oar besiket te fermoardzjen troch de metoade fan fergiftiging, wurdt de dieder oanklage foar moard of, mocht de opset mislearre wêze, foar besykjen ta moard. Foar gefallen wêrby't moard net of net bewiisber de bedoeling wie, falt opsetlike fergiftiging yn Nederlân neffens it Wetboek fan Strafrjocht ûnder it delikt mishanneling, wêroan't it opsetlike beneidieljen fan 'e sûnens fan in oar persoan lyksteld is troch kêst 300. Under kêst 304 foarmet fergiftiging in strafferswierjende omstannichheid, dy't derfoar soargje kin dat de finzenisstraf fan 'e dieder mei in trêdepart ferhege wurdt.
Wannear't it slachtoffer oan 'e gefolgen fan 'e fergiftiging komt te ferstjerren, of oanhelle rekket mei bliuwende earnstige sûnensklachten, is ek dat in strafferswierjende omstannichheid. Fia in sivylrjochtlike oanspraaklikheidsstelling kin alteast de finansjele skea (bgl. fan 'e behanneling of fan 'e oanpassings dy't by bliuwende sûnensklachten oan 'e wensitewaasje nedich binne) op 'e dieder ferhelle wurde.
Ek ûnopsetlike fergiftiging kin ûnder it Nederlânsk rjocht yn beskate gefallen ta oanspraaklikheids- en strafberstelling liede. In foarbyld is in fabryk dêr't wurknimmers troch de wurkjouwer bewust bleatsteld wurde oan te hege wearden fan giftige stoffen. Mocht in wurknimmer oan 'e oprûne fergiftigingsferskynsels komme te ferstjerren, dan kin der yn sa'n sitewaasje sels sprake wêze fan dea troch skuld.
Njonken fergiftiging fan in yndividuele persoan omfettet it Wetboek fan Strafrjocht ek bepalings oangeande bgl. it fergiftigjen fan 'e drinkwetterfoarsjenning.
Remove ads
Sjoch ek
- fergif
- giftigens
- giftigens (soölogy)
- toksine
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads
