Foundation for Endangered Languages

From Wikipedia, the free encyclopedia

Remove ads

De Foundation for Endangered Languages ("Stifting foar Bedrige Talen") is in non-profitorganisaasje dy't yn 'e Ingelân en Wales ynskreaun stiet as in goeddiedichheidsorganisaasje. Dizze stifting waard yn 1996 oprjochte mei as doel om 'e dokumintearring, beskerming en promoasje te ûnderstypjen fan talen dy't mei útstjerren bedrige wurde.

Fluch de feiten

Sa keart de Foundation for Endangered Languages lytse skinkings út (yn 'e oarder fan grutte fan €1.000) oan alderhanne projekten dy't binnen de oanjûne doelen falle. Ek wurdt der in nijsbrief publisearre, ûnder de titel OGMIOS: Newsletter of the Foundation for Endangered Languages. Elts jier wurdt der boppedat in konferinsje belein, en fan it ferrin dêrfan wurdt neitiid op papier ferslach dien. De hjoeddeistige foarsitter fan 'e stifting is de Britske taalkundige Nicholas Ostler. It bekendste lid fan 'e rie fan bestjoer is de Amerikaanske science fiction- en fantasyskriuwster C.J. Cherryh.

Remove ads

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads