Frânske Tiid

From Wikipedia, the free encyclopedia

Frânske Tiid
Remove ads

De Frânske tiid is yn de noard-jeropeeske en Dútske skiedskriuwing (Dútsk: Franzosenzeit; Lúksemboarchsk: Fransousenzäit) it tiidrek fan 1795 oant 1815. Yn dy jierren stie in grut part fan Jeropa direkt as yndirekt ûnder Frânsk bewald as lei yn de Frânske ynfloedssfear.

Thumb
It Frânske keizerryk, ynfloedssfear en fazalsteaten, 1812
Thumb
Kening Loadewyk I fan Hollân

Nederlân

Yn de Frânske tiid (ek wol Frânsk-Bataafske tiid neamd) is ek Nederlân in fazalsteat fan Frankryk en (sûnt 1810) part fan Frankryk.

It omfet de tiidrekken:

Yn 1795 wurdt de Nederlânske Republyk troch de Frânsken beset, dêr't Fryslân troch har ûnôfhinklike posysje ferlear. De eigen admiraliteit en leger, en it Hof fan Fryslân holden op te bestean. De Fryske eallju rekken har foarrjochten kwyt en yn 1811 moast de ferneamde Universiteit fan Frjentsjer har doarren slute. Fryslân waard in provinsje. De keapfardij en fiskerij kamen troch de oanhâlde Ingelske blokkade sawat folslein stil te lizzen, mar dêr tsjinoer belibbe de Fryske lânbou gouden tiden en wie selden sa winstjouwend.

Wichtige gefolgen

De wichtichste effekten fan de Frânske Tiid wiene:

  • It ein fan de Nederlânske republyk en it begjin fan it keninkryk fan de Nederlannen. In sintralisearre steatsbestel ferfong it federale model.
  • De definitive ekonomyske oerwinning fan Grut-Brittanje op Nederlân. Nederlân ferlear de Kaapkoloanje en de koloanjes yn Guyana en Seylon oan de Britten. De Feriene Eastyndyske Kompanjy waard yn 1798 ûntbûn.
  • Ynfiering fan de earste Nederlânske grûnwet, it Boargerlik Wetboek, de Boargerlike Stân, de tsjinstplicht, it kadaster, achternammen, hûsnûmers en standerdmaten en -gewichten: de kilo, meter en liter.
  • Oprjochting fan it Keninklik Ynstitút fan Wittenskippen, de Keninklike Bibleteek en de Nasjonale Keunst-Galery, de foarrinner fan it Ryksmuseum.
Remove ads

Literatuer

  • Kuiper, Jacques, Een revolutie ontrafeld - oer de Frânske tiid yn Fryslân. Utj. Van Wijnen, Frjentsjer.

Sjoch ek

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads