From Wikipedia, the free encyclopedia
De Friezen binne in folk oan de súdeastlike igge fan de Noardsee. Yn Nederlân en Dútslân binne de Friezen as nasjonale minderheid erkend. De Fryske talen binne besibbe oan it Ingelsk en foarmet dêrmei de Noardwestgermaanske taalgroep.
Friezen | |
---|---|
Regio dy't bewenne wurdt troch de Friezen . | |
flagge | |
populaasje | |
oantal | 980.000 |
taal | Westerlauwersk Frysk, Noardfrysk, Sealterfrysk, Stedsk, Nedersaksysk |
godstsjinst | kristendom |
erkenning | |
steatsdragend folk | gjin eigen steat |
erkende minderheid | Dútslân Nederlân |
fersprieding | |
Nederlân: | 545.000 |
● Fryslân: | 387.000[1] |
● Grinslân (lânseigen): | 3.000[2] |
● om utens: | 155.000[3] |
Dútslân: | 325.000 |
● Eastfryslân: | 181.000[4] |
● Noard-Fryslân: | 60.000[5] |
● Fryslân (distrikt): | 39.000[4] |
● Bûtjadingen: | 18.000[4] |
● Sealterlân: | 10.000[6] |
● Lân Woersten: | 4.000[4] |
● Hilgelân: | 1.000[3] |
● om utens: | 12.000[3] |
om utens: | 110.000[3] |
Sa likernôch om 500 f.Kr. hinne wurde de earste terpen boud. Dat momint kin as it begjin fan de Fryske kultuer sjoen wurde. De Romeinske skriuwer en politikus Tasitus wie yn de 1e iuw n.Kr. de earste dy't de Friezen as folk neamde yn syn wurk Germania. Hy rekkene de "Frisii" ta de Ingvaeones, de Germaanske folken oan de Noardseekust.
Yn de tiid fan it Grutte Folkeferfarren rekke it Fryske wengebiet foar in grut part ûntfolke. It is net wis oft de Friezen om it jier 600 hinne noch deselde Friezen wienen as yn 'e Romeinske tiid.
Op 't lêst fan de 6e iuw libbet Aldgilles, de earste Fryske kening dêr't ferskillende skriftlike boarnen fan oerlevere binne. Under syn neifolger Redbad wurdt it Fryske wengebiet ta syn hichtepunt útwreide. By syn dea yn it jier 719 lit er in grut en heidensk Fryslân nei. It Fryske gebiet dat rûchwei westlik fan de hjoeddeistige Lauwers leit waard ferovere yn it jier 734. De Fryske lannen eastlik fan de Lauwers waarden earst yn it jier 772 troch de Franken oermastere.
Mei de komst fan de Franken komme ek ferskillende misjonarissen lykas Willibrord en Willehad om de Friezen te kerstenjen. De meast ferneamde misjonaris is Bonifatius dy't op 5 juny 754 (mooglik ek 755) deadien waard yn 'e omkriten fan Dokkum. Yn 'e 8e en 9e iuw waard fierwei it grutste part fan de Friezen kristlik. De earste Fryske misjonaris wie Liudger yn 'e 8e iuw en yn 'e 9e iuw waard yn Rome de earste Friezetsjerke boud.
Om it jier 800 hinne begûnnen de earste oanfallen fan de Wytsingen yn de Fryske lannen. De Friezen waarden troch de Franken frijsteld fan militêre tsjinst om de kust tsjin de heidenske ynkringers te ferdigenjen. Nei de Slach by Norditi yn it jier 884 soe Karel de Dikke as teken fan syn tankberens de skinker wêze fan de Fryske frijheid. It feodalisme dat rûnom yn Europa yn opkommen wie holden de Friezen noch iuwenlang bûten de doar.
Yn de tiid fan de Fryske frijheid waard Fryslân tusken Fly en Wezer bestjoerd troch redjeven (rjochtsprekkers) en de al as net keazen fertsjintwurdigers fan de autonome Fryske lannen. Fanâlds wienen de redjeven inkeld rjochters, de saneamde Asega's, dy't ûnder foarsitterskip stienen fan de skelta as fertsjintwurdiger fan de greve. Yn de tiid fan de Fryske frijheid waard ek it mûnlinge rjocht fan de Friezen op skrift steld.
De ein fan de Fryske frijheid is net foar elk gebiet itselde. Yn 'e Slach by Vronen einige de Fryske frijheid nei in rige fan Westfryske oarloggen yn West-Fryslân. Yn de hjoeddeistige provinsjes Fryslân en Grinslân einige de Fryske frijheid nei lang konflikt fan Skieringers en Fetkeapers yn it jier 1498. Yn East-Fryslân grypt de famylje Sirksena nei de macht en sa ûntstiet yn 'e twadde helte fan de 15e iuw it Greefskip Eastfryslân.
Sûnt likernôch 1500 hearre de Friezen ta ferskate lannen, en fertoane harren taal en kultuer hieltiid mear ûnderlinge ferskillen, en mear oerienkomsten mei dy fan dy lannen. Yn de Nederlânske provinsje Fryslân wurdt noch Westerlauwersk Frysk praat, en bestiet noch in Fryske identiteit. Yn East-Fryslân is in histoaryske bân mei de Fryske kultuer werom te finen; yn it Sealterlân wurdt noch in Eastfrysk dialekt praat. Yn Noard-Fryslân en op Helgolân binne noch Fryske dialekten en in Fryske identiteit. Yn oare gebieten, lykas West-Fryslân yn Noard-Hollân en Grinslân binne allinnich mar Fryske skiednis en wat kultuerspoaren mear. Út ûndersyk docht lykwols wol bliken dat it Eastfrysk platt en it Grinslanner dialekt noch grammatikale oerienkomsten hat mei it hjoeddeistige Frysk.
De Friezen út Westlauwersk- en Noard-Fryslân binne troch de Jeropeeske Uny en harren nasjonale steat erkend as nasjonale minderheid. De trije Fryske talen binne erkend ûnder Diel I, II en III fan it Jeropeeske Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden.
Der binne yn Westlauwersk Fryslân twa Fryske politike partijen, deFriezen en de FNP. Yn Noard-Fryslân fertsjinwurdiget it Südschleswigsche Wählerverband (SSW) de Noard-Fryske minderheid. East-Fryslân hat Die Friesen as politike partij. De FNP en it Südschleswigsche Wählerverband binne beide oansletten by de Jeropeeske Frije Alliânsje dy't ûnder oaren de Noard- en West-Friezen fertsjinwurdigje yn it Jeropeesk Parlemint.
It is dreech om nei te gean hoe it Frysk him yn de Aldheid en iere midsiuwen ûntjûn hat. Fan de iere midsiuwen binne lykwols Fryske runen oerbleaun, mar lang net genôch om dêr apart in stúdzje fan te meitsjen. Yn de lette midsiuwen wurdt it Frysk skriftlik brûkt as rjochtstaal. Yn Noard-Fryslân hat de sitewaasje him wer wat oars ûntjûn, dêr teagen twa groepen fan Friezen hinne. De earste weach fan Friezen dy't har yn Noard-Fryslân nei wenjen sette wie yn de 7e iuw, de twadde yn de 11e/12e iuw. De skiednis fan it Noardfrysk is dêrom wer in oar sjapiter. It taalgebiet fan it Frysk yn East-Fryslân waard yn de 16e en 17e iuw hurd lytser. Hjoed is der allinnich mar it Sealterfrysk oerbleaun. Yn West-Fryslân (de provinsje Fryslân yn Nederlân) hat der mei Gysbert Japiks in oplibbing west foar it Midfrysk.
Yn Nederlân wurdt neist de taal ek de identiteit fan de Friezen ûndersocht. Yn Dútslân wurde gjin taaltellingen by minderheden dien en de grutte fan de groep is basearre op rûzingen.
|
Der hawwe ferskate ûndersiken west nei it Y-gromosoom by de Friezen. Neffens dy ûndersiken kin der útgean wurde fan in stifterseffekt (founder effect), wêrtroch der beskate genetyske en de (dêrmei gearhingjende) uterlike skaaimerken fan de hiele populaasje sterk ferskille fan in trochsneebefolking. It stifterseffekt is neffens ûndersyk it sterkste yn de provinsjes Fryslân en Grinslân.[8][9] De Fryske substam fan R1b1b2a1 wurdt oanjûn mei it nûmer S21 (ek wol U106 of M405).[10]
Tema:Fryslân – Oersjoch fan Wikipedy siden oer de Fryslannen
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.