Goffe Jensma
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
Goffe Jensma (Kornhorn, 1956), is histoarikus en fan 16 july 2008 oant yn 2022 heechlearaar yn de Fryske taal- en letterkunde oan it Frysk Ynstitút fan de Fakulteit der Letteren fan de Ryksuniversiteit Grins (RUG).
Fan 2001 oant 2008 wie Jensma as wittenskiplik ûndersiker Fryske kultuerskiednis en letterkunde (tiidrek 1500-1900) ferbûn oan de Fryske Akademy.
Fan 2006 oant 2008 wie er bysûnder heechlearaar Fryske taal- en letterkunde oan de Universiteit fan Amsterdam.
Op 5 septimber 2004 promovearre er cum laude mei it proefskrift De gemaskerde God, François Haverschmidt en het Oera Linda Boek. Dêrta hie er wiidweidich literêr-histoarysk ûndersyk nei it Oera Linda Boek dien. Hy krige dêrfoar de tsienjierlikse Mallinckrodtpriis, foar de bêste dissertaasje op it mêd fan teology en godstsjinstwittenskip yn Nederlân yn de ôfrûne tsien jier.
Syn stúdzje Het rode tasje van Salverda. Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit in de negentiende eeuw (1998) hat in soad ynfloed op it tinken oer Fryske kultuer. Foar it boek krige er yn 2001 de Joast Halbertsmapriis fan de Provinsje Fryslân.
Jensma siet mei Jetske Bilker en Jantsje Post yn de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2013.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.