Haarsnip

From Wikipedia, the free encyclopedia

Haarsnip
Remove ads

De haarsnip (Lymnocryptes minimus) is in fûgel út de famylje fan snipfûgels (Scolopacidae), it is de ienichste soarte út it skaai Lymnocryptes.

Fluch de feiten taksonomy, soarte ...
Remove ads

Foarkommen

Dizze lytste snipeftige fan Nederlân hat in lingte fan 18 - 20 sm en waacht in 40 oant 60 gram. Fergelike mei it waarlamke hat er in lytse snaffel, mar folle dikker. Hjirmei is er ek dúdlik te ûnderskieden yn de flecht. Oer syn rêch rinne fjouwer, brede ljochtstreken dy't soargje foar in skutkleur at er him tsjin de grûn parset. By it waarlamke rint de streek troch oer de krún, by de haarsnip net mear.

Thumb
Aai fan 'e haarsnip.
Remove ads

Fersprieding

De haarsnip is in skouwe fûgel dy't him benammen yn it skimertsjuster en de nacht sjen lit. Oerdei is er allinnich war te nimmen as hy opjage wurdt út syn ferskûlplak. Oars as syn kollega snip it waarlamke fleant er leech oer de grûn op 'e siik nei in nij skûlplak in pear meter fierderop. Hy ferskûlet him faak neist de wetterouwer fan streamen en rivieren.

Yn Fryslân en Nederlân binne haarsnippen allinnich by't winter, krektas yn de rest fan West- en Súd-Europa. De fûgels briede yn it noarden fan Ruslân en Skandinaavje.

Remove ads

Fuortplanting

De haarsnip briedt op de toendra en sompige gebieten, yn makket in nêst op de grûn en leit 3 as 4 in ferhâlding grutte aaien.

Keppeling om utens

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lymnocryptes minimus fan Wikimedia Commons.
Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads