Halle (Saale)

From Wikipedia, the free encyclopedia

Halle (Saale)
Remove ads

Halle (d.i. Halle an der Saale) is de grutste stêd fan de Dútske dielsteat Saksen-Anhalt. De stêd leit sa'n 35 kilometer bewesten Leipzig oan de rivier de Saale. Halle is in stedsdistrikt (kreisfreie Stadt). Halle is ek de sit fan de Maarten Luther-Universiteit fan Halle-Wittenberg (stifte yn 1694 as Universiteit fan Halle) en fan trije hegeskoallen.

Fluch de feiten
Thumb
Wapen fan Halle
Remove ads

Ut de skiednis

Lykas oare plakken mei de namme Hall(e) is de stêd ta bloei kaam troch de sâltsiederij. De namme Halle wiist op in iere Keltyske delsetting, omdat 'halen' yn it Welsk en Bretonsk 'sâlt' betsjut. 'Saale' hat ek woartels yn it Alddútsk en tsjut ek op 'sâlt'. De saltwinning moat al yn de Brûnstiid oan de gong west hawwe (2300-600 f.Kr.). De stêd wurdt foar it earst yn 806 neamd. Yn dy tiid, fan Karel de Grutte, wie Halle in sintrum fan de sâltwinning.

Under de DDR wie Halle fan belang fanwege de gemyske yndustry. Sûnt it byelkoar gean fan East- en West-Dútslân leit de stêd har ta op de technologyoriïntearre bedriuwstakke, de multimedia en de itensguodyndustry: de âldste sûkelarjefabryk fan Dútslân is yn Halle festige.

De earste elektryske tramline fan Europa waard 1890 yn Halle iepene en foar it spoar is Halle in wichtich knooppunt.

Remove ads

Wiken fan Halle

Halle bestiet út de neifolgjende wiken: Altstadt, Ammendorf/Beesen, Am Wasserturm/Thaerviertel, Böllberg/Wörmlitz, Büschdorf, Damaschkestraße, Dautzsch, Diemitz, Dieselstraße, Dölau, Dölauer Heide, Freiimfelde/Kanenaer Weg, Frohe Zukunft, Gesundbrunnen, Gewerbegebiet Neustadt, Giebichenstein, Gottfried-Keller-Siedlung, Heide-Nord/Blumenau, Heide-Süd, Industriegebiet Nord, Kanena/Bruckdorf, Kröllwitz, Landrain, Lettin, Lutherplatz/Thüringer Bahnhof, Mötzlich, Nietleben, Nördliche Innenstadt, Nördliche Neustadt, Paulusviertel, Planena, Radewell/Osendorf, Reideburg, Saaleaue, Seeben, Silberhöhe, Südliche Innenstadt, Südliche Neustadt, Südstadt, Tornau, Trotha en Westliche Neustadt.

Remove ads

Keunst en kultuer

Museums

  • Stiftung Moritzburg yn Slot Moritzburch

Berne yn Halle

Remove ads
Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads