Hamburch

From Wikipedia, the free encyclopedia

Hamburch

De Frije Hânzestêd Hamburch[1] (Dútsk: Hamburg, Nedersaksysk: Hamborg) is in stêd en metropoal yn Dútslân. De stêd leit oan de rivier de Elbe en is de op ien nei grutste stêd yn it lân en de wichtichste havenstêd. De stêd makket sels gjin part út fan in Dútske dielsteaten, mar foarmet in dielsteat op himsels. Binnen de offisjele grinzen wenje 1,7 miljoen minsken en yn de neistlizzende stêdlike gebieten wenje nochris sa'n 750.000 minsken.

Fluch de feiten Frije Hanzestêd Hamburch, Flagge ...
Frije Hanzestêd Hamburch
Flagge Wapen
Thumb Thumb
Lokaasje yn Dútslân
Thumb
Basisgegevens
Lân Dútslân
Haadstêd Hamburch
Oerflakte 755,264 km²
Befolking 1.760.322 (30 juny 2007)
Befolkingstichtens 2.330 ynw./km²
Distrikten
Thumb
Slute

Hamburch hat ferskate foarmen fan yndustry en der binne ferskate wittenskiplike ynstellings, ûnder oaren in universiteit en it Max-Planck-Ynstitút. De stêd hat in metro, en der is ek in fleanfjild: Hamburch Airport. De Alte Elbtunnel (1911) wie de earste tunnel op it Jeropeeske kontinint. Sankt Pauly is in ferneamd útgongssintrum. De measte histoaryske gebouwen fan Hamburch binne yn de Twadde Wrâldkriich ferwoaste by it bombardemint fan Hamburch. Yn 1946 krige Hamburch as bestjoerlike ienheid syn hjoeddeistige foarm en yn 1949 trêde Hamburch as dielsteat ta de Bûnsrepublyk Dútslân (West-Dútslân) ta.

Sport

Der binne twa profesjonele fuotbalklups yn Hamburch, Hamburger SV (spilet yn de HSH Nordbank Arena) en FC St. Pauli (spilet yn it Millerntor-Stadion). HSV Hamburg spilet yn de earste Bundesliga.

Yn 2006 wie Hamburch ien fan de spylstêden fan it WK fuotbal.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.