Jezabel Vessir
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
Jezabel Vessir, echte namme ûnbekend (Denver, 13 april 1990), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Afro-Amerikaansk en Yndiaask komôf, dy't ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Jezabel Vessire en Jezabel Visser. Hja sette yn 2014 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn in stikmannich films. Vessir stiet benammen bekend om har grutte natuerlike boarsten.
Remove ads
Libben en karriêre
Vessir waard yn 1990 berne yn Denver, yn 'e Amerikaanske steat Kolorado. Hja is fan etnysk Afro-Amerikaansk komôf. Yn 2014 makke se mei 24 jier har debút yn in pornografyske film. Under har karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry kaam se benammen bekend te stean om har tige grutte, natuerlike boarsten. Se wurke gear mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Mick Blue, James Deen en Keiran Lee.
Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Vessir tsjin begjin 2017 yn mear as tritich films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Wicked Pictures, Devil's Film, Evil Angel en Digital Playground. Teffens hat se wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Mile High Media, West Coast Productions, Northstar Associates en Pure Play Media. Fierders wie Vessir ek geregeldwei yn 't spier foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Naughty America en Brazzers.
Remove ads
Lichemsskaaimerken
Jezabel Vessir is swart, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m lang, mei in gewicht fan 52 kg, en in opfallend grutte natuerlike kupmaat 28F. Behalven piercings troch har earlellen hat Vessir ek in nâlpiercing. Fierders hat se in tatoeaazje oan 'e binnenkant fan har rjochterearm.
Filmografy (in seleksje)
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads