Jolene Blalock

From Wikipedia, the free encyclopedia

Jolene Blalock
Remove ads

Jolene Blalock (San Diego, 5 maart 1975), is in Amerikaansk aktrise en model. Se is ferneamd wurden mei har rol as de bûtenierdske astronaute T'Pol yn 'e science fiction-tillefyzjesearje Star Trek: Enterprise.

Fluch de feiten
Remove ads

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Blalock, dy't fan Skotsk komôf is, waard yn 1975 berne yn San Diego, yn it uterste suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Hja waard grutbrocht yn in húshâlding mei trije oare bern en wie yn har jonkheid gauris dwaande troch mei surfen en keunstsinnige leafhawwerijen. Yn in fraachpetear sei se dat de status fan sekssymboal, dy't se krige troch har rol yn Star Trek: Enterprise har wakker oer it mad kaam, mei't se as bern in ûnoannimlik foarkommen hie en de jonges beslist net fan har ôf hoegde te slaan. Mei famkes koe se likemin goed oer de wei, dat hja hie in iensume bernetiid, sûnder echte freonen.

Aktearkarriêre

Geandewei de puberteit ûntjoech it ûnsjogge einepykje har lykwols ta in swan, en op har santjinde gie Blalock út 'e hûs om yn Jeropa en Aazje as model te wurkjen. Yn 1998 makke se har debút as aktrise op 'e tillefyzje, yn in ôflevering fan 'e komeedzjesearje Veronica's Closet. Se hie roltsjes yn ferskate oare tillefyzjesearjes, lykas Love Boat: The Next Wave, CSI: Crime Scene Investigation en JAG, en spile ek yn 'e tillefyzjefilm Jason and the Argonauts, út 2000.

Yn 2001 krige Blalock ien fan 'e haadrollen taparte yn in nije tillefyzjesearje fan 'e ferneamde science fiction-franchise Star Trek, te witten: Star Trek: Enterprise. Dêryn spile se fiif seizoenen en yn totaal 98 ôfleverings lang ûnder-oerste T'Pol, in Vulcaanse dy't tsjinst nimt op in Ierdsk romteskip. Dy rol foarme foar Blalock har grutte trochbraak; se waard der tige populêr mei en wûn yn 2001 de Saturn Award foar bêste byrol fan in aktrise op 'e tillefyzje. Neffens de Amerikaanske edysje fan it manljusblêd FHM wie se yn 2005 de op njoggen nei meast seksy frou op 'e wrâld. Se stie twaris mei in glamourfotoreportaazje yn it manljusblêd Maxim, en yn april 2002 posearre se, mei de klean oan, ek foar it neakenblêd Playboy.

Sûnt Star Trek: Enterprise yn 2005 stopset waard, is it mei Blalock har karriêre wat yn it neigean rekke. Se hie rollen yn B-films as Starship Troopers 3: Marauder (2008) Sinners and Saints (2010) en Sex Tape (2014), wylst se ek gastrollen fertolke yn ôfleverings fan tillefyzjesearjes as Stargate SG-1, CSI: Miami en House. Echte grutte rollen giene lykwols oan har foarby.

Priveelibben

Jolene Blalock stiet derom bekend dat se net in protte ynterviews jout en frijwol nea Star Trek-konvinsjes besiket. Se wennet yn Los Angeles en is troud mei sakeman Michael Rapino, mei wa't se yn 'e kunde kaam doe't syn bedriuw, Live Nation, har frege foar in reklamekampanje foar bier. It oansyk kaam fan har kant, en it pear troude op 22 april 2003 yn Negril, op Jamaika. Hja hawwe trije bern. Mei har man is Blalock de oprjochter fan 'e Rapino Foundation, dy't him taleit op ûntwikkelingswurk yn 'e Trêde Wrâld. Fan Blalock is fierders bekend dat se in grut hûneleafhawster is.

Remove ads

Filmografy

Mear ynformaasje jier, titel ...
Remove ads

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads