Kateftigen

From Wikipedia, the free encyclopedia

Kateftigen
Remove ads

De kateftigen (wittenskiplike namme: Felidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), it ûnderskift fan 'e katdieren (Feliformia) en de boppefamylje fan 'e echte katdieren (Feloidea), dêr't û.o. de liuw, de tiger, it loaihoars, it jachtloaihoars, de jagûar, de poema, de lynks, de wylde kat en de húskat ta hearre.

Fluch de feiten
Thumb
In oselot.
Remove ads

Skaaimerken

De kateftigen, wêrfan't de earste sa'n 29 miljoen jier lyn libbe, wurde typearre troch it hawwen fan fiif teannen oan de foarpoaten en fjouwer oan 'e efterpoaten. Se hawwe allegear ynlûkbere neilen (útsein it jachtloaihoars), grutte hoektosken en in goed ûntwikkele gesichtsfermogen (sels yn it tsjuster), gehoar en lykwichtsorgaan. Se hawwe snorhierren dy't gefoelige taastorganen binne. Se kinne goed klimme (útsein it jachtloaihoars) en libje ornaris solitêr (útsein de liuw).

Kateftigen komme foar op alle wrâlddielen behalven Antarktika, al binne se yn Oseaanje en op Madagaskar as eksoat troch de minske yntrodusearre. De hjoeddeiske kateftigen kinne opdield wurde yn twa ûnderfamyljes, de grutte katten en de lytse katten. Behalven yn (relative) lichemsgrutte ûnderskiede dy har faninoar trochdat de lytse katten wol spinne mar net brulle kinne, wylst de grutte katten wol brulle mar net spinne kinne.

Remove ads

Famylje-opbou

De lytsskreaune nammen yn 'e ûndersteande tabel binne ûndersoarten.

  • famylje kateftigen (Felidae)
    • ûnderfamylje grutte katten (Pantherinae)
      • skaai dizepanters of dizeloaihoarsen (Neofelis)
        • dizepanter of dizeloaihoars (Neofelis nebulosa)
        • Sûndaneeske dizepanter of Sûndalânpanter (Neofelis diardi)
          • Borneooske dizepanter (Neofelis diardi borneensis)
          • Sumatraanske dizepanter (Neofelis diardi diardi)
      • skaai panters of loaihoarsen (Panthera)
        • âldere hoaleliuw (Panthera fossilis) †
        • Amerikaanske liuw of Amerikaanske hoaleliuw (Panthera atrox) †
        • hoaleliuw of Jeraziatyske hoaleliuw (Panthera spelaea) †
        • Jeropeeske jagûar (Panthera gombaszoegensis) †
        • jagûar (Panthera onca)
        • liuw (Panthera leo)
          • East- en Súdafrikaanske liuw (Panthera leo melanochaita)
            • populaasje Kaapske liuw
          • gewoane liuw (Panthera leo leo)
        • loaihoars of panter (Panthera pardus)
          • Afrikaansk loaihoars of Afrikaanske panter(Panthera pardus pardus)
            • populaasje Barbarijsk loaihoars of Barbarijske panter
            • populaasje Sansibarloaihoars of Sansibarpanter
          • Amoerloaihoars of Amoerpanter (Panthera pardus orientalis)
          • Arabysk loaihoars of Arabyske panter (Panthera pardus nimr)
            • populaasje Sinaïloaihoars of Sinaïpanter
          • Efteryndysk loaihoars of Efteryndyske panter (Panthera pardus delacouri)
          • hoaleloaihoars of hoalepanter (Panthera pardus spelaea) †
          • Yndysk loaihoars of Yndyske panter (Panthera pardus fusca)
          • Javaansk loaihoars of Javaansk panter (Panthera pardus melas)
          • Perzysk loaihoars of Perzyske panter (Panthera pardus tulliana, syn. P. p. ciscaucasia, P. p. saxicolor)
            • populaasje Anatoalysk loaihoars of Anatoalyske panter
          • Srylankaanske panter of Srylankaansk loaihoars (Panthera pardus kotiya)
        • snieloaihoars of sniepanter (Panthera uncia, foarhinne Uncia uncia)
        • tiger (Panthera tigris)
          • Bingaalske tiger (Panthera tigris tigris)
          • Yndosineeske tiger (Panthera tigris corbetti)
          • Kaspyske tiger (Panthera tigris virgata) †
          • Maleiske tiger (Panthera tigris jacksoni)
          • Sibearyske tiger (Panthera tigris altaica)
          • Súdsineeske tiger (Panthera tigris amoyensis) † yn it wyld
          • Sûndaneeske tiger (Panthera tigris sondaica)
            • populaasje Balineeske tiger
            • populaasje Javaanske tiger
            • populaasje Sumatraanske tiger
    • ûnderfamylje lytse katten (Felinae)
    • ûnderfamylje oerkatten (Proailurinae) †
    • ûnderfamylje sabeltosktigers (Machairodontinae) †
Remove ads

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads