Ferslachjouwer

From Wikipedia, the free encyclopedia

Ferslachjouwer
Remove ads

In ferslachjouwer of korrespondint (de Ingelske term reporter komt ek foar) is in soarte fan sjoernalist dy't fan nijsfeiten ferslach docht fanôf it plak dêr't it foarfal bart (of bard is). Hoewol't men by it hearren fan it wurd "ferslachjouwer" yn 'e regel yn it foarste plak tinkt oan tillefyzjeferslachjouwing, kin de term likegoed slaan op radio en de skreaune parse. Faak wurde ferslachjouwers foarfêst yn in beskaat part fan 'e wrâld stasjonearre om dêrwei te berjochtsjen. Sa wiene yn it ferline bgl. Haye Thomas en dêrnei Charles Groenhuijsen jierrenlang de korrespondinten fan it NOS Journaal yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C.

Thumb
In ferslachjouster oan it wurk.
Remove ads

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads