Krús (kristendom)

From Wikipedia, the free encyclopedia

Krús (kristendom)
Remove ads

It krús is in symboal dat foar it kristendom stiet.

Thumb
Latynsk krús

Betsjutting

Thumb
Staurogram yn 2e-iuwske tekst

Yn it Nije Testamint wurdt beskreaun dat Jezus feroardiele waard ta de krúsdea. De iere kristenen brûkten it krús net as harren symboal, nei alle gedachten om't it krús ferwiisde nei in pynlike en grousume eksekúsje. Mar yn de iere nij-testamintyske manuskripten waard it Grykske wurd foar krús ôfkoarte ta it staurogram, in symboal dat wol like op in krús. Ek it Kristusmonogram ΧΡ (de earste letters fan it Grykske wurd ΧΡΙΣΤΟΣ, 'Kristus') waard al ier as symboal brûkt.

De âldste foarm fan it krús is it T-foarmige Crux commissa (it "Taukrús", of Egyptyske resp. Antoniuskrús). Dêrút ûntstie it crux ansata (koptysk krús). It by ús wenstige crux immissa (Latynske of passykrús) makke sûnt de 4e iuw opgong.

Thumb
In houten krús.

It brûken fan it krús yn de kristlike ikonografy fûn fral sûnt de 4e iuw plak, ek al waard it symboal al sûnt it ein fan de 2e iuw mei kristenen assosiearre. De tusken 211 en 216 ferstoarne Klemens fan Aleksandrje skreau oan it begjin fan de 3e iuw dat kristenen de κυριακὸν σημεῖον (it teken fan de Heare) brûkten, wêrmei't er it krús ornearre. Tertullianus skreau yn syn boek De Corona (204) dat it foar kristenen doe al in tradysje wie om op harren foarholle in krústeken te slaan.

In krúsifiks, in krús mei in foarstelling fan Kristus, wurdt pas sûnt de 6e iuw brûkt. De âldste foarstelling fan de eksekúsje fan Jezus fan hokker materiaal ek liket in 2e-iuwsk/begjin 3e-iuwsk reliëf te wêzen dat as amulet brûkt waard en tsjintwurdich bewarre wurdt yn it Britisch Museum fan Londen.

Remove ads

Tsjintwurdich gebrûk

Thumb
Weikrús oan de Dunantstraat-Servatiuswei, Venray

It krús wurdt op ferskillende manieren tsjintwurdich brûkt, itjinge ek ôfhinklik is by hokker tsjerke immen is oansletten. Leden fan eastersk-otterdokse tsjerken krijge by harren doop in krúske, dat faak in libben lang om 'e nekke droegen wurdt. In soad kristenen hingje krusen op yn harren hûs. Eastersk-otterdokse kristenen hingje fakentiden in krús op oan de eastlike muorre. Katoliken dêrfoar oer hingje harren krús faak boppe de doar fan de keamer op.

Al yn de tiid fan Tertullianis wie it wenst dat kristenen mei de fingers in krústeken sloegen, itjinge noch jimmeroan dien wurdt troch katoliken, otterdokse kristenen en guon protestanten lykas lutheranen en anglikanen.

Yn otterdokse en katolike rûnten wurdt op 14 septimber it Krúsferheffingsfeest fierd. Betocht wurdt dan de wijing fan de basilyk op it plak dêr't neffens de tradysje it orizjinele krús fan Jezus troch Helena fan Konstantinopel yn 326 fûn waard.

Biskoppen fan ferskillende tsjerken sette foar't hja in dokumint ûnderskriuwe in krúske (+) foar har namme. It dolksymboal (†) efter de namme fan de ferstoarn persoan, fakentiden ek mei de fermelding fan de datum fan ferstjerren, wurdt troch guon wolris betiizge mei it kristlike krús.

Yn de protestantske tradysje is it krús net altiten in fanselssprekkend symboal. Wylst yn katoliken tsjerken meardere krusen altiten prominint oanwêzich binne, ûntbrekt in krús noch alris yn it ynterieur fan in protestantsk tsjerkegebou. Op de alterromte stiet it prosesjekrús, dy't yn prosesjes troch of bûten de tsjerke meidroegen wurdt. Under de triomfbôge hinget of stiet (op in balke) tradisjoneel in grut triomfkrús. Yn katolike streken binne krusen mei of sûnder Kristusbyld op hoeken of lâns diken in gewoan ferskynsel. Om de leauwigen oan te trunen ta besinning krije katoliken op Jiskewoansdei in jiskekrúske op de foarholle. De Jehova's Tsjûgen wize it brûken fan it krús ôf en ek Mormoanen hâlde harren yn by it brûken fan it krús as symboal.

It krús foarmet ek faak ûnderdiel fan wapens, flaggen en ûnderskiedings yn lannen dy't yn in kristlike tradysje steane.

Remove ads

Krúsfoarmen

Mear ynformaasje Ofbyld, Opmerking ...
Remove ads

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads