Lacey Chabert
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
Lacey Chabert (folút: Lacey Nicole Chabert; Purvis (Mississippy), 30 septimber 1982) is in Amerikaansk aktrise, dy't mei tolve jier al ynternasjonale bekendheid krige mei har rol as Claudia Salinger yn 'e dramasearje Party of Five. Dêrnjonken is se bekend út films as Lost in Space, Not Another Teen Movie, Daddy Day Care en Mean Girls, en fan har wurk as stimaktrise.
Remove ads
Libben en karriêre
Jonkheid en oplieding
Lacey Chabert waard yn 1982 berne yn Purvis, yn 'e súdlike Amerikaanske steat Mississippy, as ien fan 'e fjouwer bern yn it gesin fan Tony Chabert, in ûnderhâldsmonteur by in ierdoaljemaatskippij, en dy syn frou Julie Johnson. Har heit is in Frânsktalige Cajun út súdlik Louisiana, dy't ek Sisyljaansk en Ingelsk bloed hat, wylst har mem fan Ingelsk, Skotsk en yn 'e fierte fan Italjaansk komôf is. Chabert hat twa âldere susters en in jongere broer.
Aktearkarriêre
As bern wie Chabert al aktyf as aktrise, en ien fan har earste wichtige rollen ferfolle se yn 1992 en 1993 yn 'e Broadwayproduksje fan Les Misérables as Cosette. Nei't se yn 1990 al foar it earst yn in tillefyzjesearje te sjen west hie, briek se yn 1994, doe't se tolve jier wie, troch mei har rol as Claudia Salinger yn 'e dramarige Party of Five. Dy searje, mei û.o. Neve Campbell en Jennifer Love Hewitt yn 'e oare haadrollen, gie oer it wol en wee fan in gesin besteande út fiif bruorren en susters fan wa't de âlden by in ferkearsûngemak om it libben kommen binne. Party of Five rûn oant en mei 2000. Chabert wûn foar har rol as Claudia Salinger yn 1999 in Young Artist Award en waard yn 1995, 1996 en 1997 foar dyselde priis nominearre.
Har debút as filmaktrise makke Chabert yn 1998 as Penny Robinson yn 'e science fiction-skriller Lost in Space, mei û.o. William Hurt, Mimi Rogers, Heather Graham en Matt LeBlanc. Fierders spile Chabert û.m. Amanda Becker yn Not Another Teen Movie (2001), Jenny yn Daddy Day Care (2003) en Gretchen Wieners yn Mean Girls (2004). Datselde jiers fertolke hja ek de titelrol yn 'e tillefyzjefilm The Brooke Ellison Story, oer it wierbarde ferhaal fan in frou dy't ferlamme wie oan alle fjouwer lidden, mar dy't dochs withoefolle obstakels wist te oerwinnen om ôfstudearje te kinnen oan 'e prestizjeuze Universiteit fan Harvard. Yn 2006 spile Chabert yn 'e remake fan 'e klassike splatterhorrorfilm Black Christmas.
Njonken rollen yn minder bekende films en gastrollen yn tillefyzjesearjes wurke Chabert fierders in protte as stimaktrise, te begjinnen mei it personaazje Eliza Thornberry yn 'e tekenfilmsearje The Wild Thornberrys, fan 1998 oant 2004. Ek liende se har stim oan dochter Meg Griffin yn it earste seizoen fan 'e tekenfilmsearje Family Guy (1999), wêrnei't Mila Kunis dy rol oernaam om't Chabert it net mear ynpasse koe tusken har oare aktearjen en har skoalwurk. Fierders spile Chabert ek prinsesse Elise yn it fideospultsje Sonic the Hedgehog (2006), en Gwen Stacy yn 'e tekenfilmsearje The Spectacular Spider-Man (2008-2009). Fan 2011 oant 2016 spile se Dani Burns en ferskate oare rollen yn 'e tekenfillmsearje Transformers: Rescue Bots.
Yn 2013 en 2014 hie Chabert in weromkearende rol yn 'e komeedzjesearje Baby Daddy as dokter Amy Shaw. Fan 2016 ôf spile se fierders yn mear as tritich romantyske tillefyzjefilms foar it Amerikaanske Hallmark Channel, wêrûnder de krystfilm A Royal Christmas, mei û.o. Jane Seymour. The New York Post en oare media hawwe Chabert dêrom wol oantsjut as de 'Keninginne fan Hallmark-krystfilms'. Yn in fraachpetear mei E! sei Chabert: "ien fan 'e dingen dy't ik sa moai fyn oan [it wurkjen foar Hallmark] is dat [de films] garandearre in happy end hawwe. […] Ik wol leauwe, mei de wrâld sa't dy hjoed de dei is, bin ik tige grutsk om diel út te meitsjen fan in projekt dat in bytsje leafde en ljocht en lichthertigens […] tafoeget."
Ien fan Chabert har earste Hallmark-films wie it súksesfolle A Christmas Melody, wêryn't se û.o. sjongster Mariah Carey as tsjinspylster hie. Yn 2017 wurke Chabert as stimaktrise mei oan 'e tekenfilm All I Want for Christmas Is You, dy't basearre wie op it boek mei deselde namme dat skreaun wie troch Mariah Carey en Colleen Madden. Dêrby wurke se fannijs gear mei Carey, dy't ek as stimaktrise by de tekenfilm belutsen wie.

Yn 2019 krige Chabert in rol yn 'e Crossword Mysteries-searje op it tillefyzjekanaal Hallmark Movies & Mysteries. Yn 2022 ferlieten ferskate fêste Hallmark-akteurs it Hallmark Channel om oer te stappen nei it nije tillefyzjenetwurk Great American Family, dat him op deselde doelgroep rjochtet. Chabert spriek lykwols yn it iepenbier har stipe foar it Hallmark Channel út en se tekene in nij kontrakt dat har in gruttere rol binnen it netwurk joech. Sa soe se tenei guon fan har eigen tillefyzjefilms produsearje.
Oare wurkmêden
Yn septimber 2022 brocht Chabert har eigen moadekolleksje út, de Lacey Chabert Collection, fia it thúswinkelnetwurk HSN. De kolleksje omfieme jekken, joggingbroeken, leggings, sokken, jurken en truien, allegear foar betelbere prizen fan tusken de $15 en de $80. Yn in fraachpetear mei InStyle sei Chabert dat se der altyd fan dreamd hie om in eigen moadekolleksje te hawwen.
Priveelibben
Chabert wennet yn súdlik Kalifornje, dêr't se yn 1994 mei har âlden, broer en susters hinne ferfearn is foar har rol yn Party of Five. Yn jannewaris 2007 en nochris yn novimber 2013 stie se op 'e omslach fan it manljusblêd Maxim. Op 22 desimber 2013 troude Chabert yn Los Angeles mei har freon David Nehdar, mei't wa't se al jierrenlang in relaasje hie. Yn septimber 2016 befoel se fan harren dochter Julia.
Remove ads
Filmografy
Remove ads
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads
