Lorentzslûzen

From Wikipedia, the free encyclopedia

Lorentzslûzen
Remove ads

De Lorentzslûzen is in slûzekompleks yn de Ofslútdyk by Koarnwertersân. De bouwurken binne wichtich foar it peil op de Iselmar en de skipfeart fan en nei de Waadsee. By Den Oever, oan 'e Noardhollânske kant fan de Ofslútdyk, binne de Stevinslûzen.

Lorentzslûzen
bouwurk
Thumb
De silen
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plakKoarnwertersân
adresOfslútdyk
koördinaten53° 04' 19" NB 5° 20' 9" EL
bysûnderheden
type bouwurkslûzen
boujier1928
arsjitektDirk Roosenburg
monumintale statusryksmonumint
monumintnûmer516527 516527
kaart
Thumb
Lorentzskutslûzen
skutslûs
Thumb
Skutslûs (2007)
Gegevens
wetterweiIselmar, Waadsee
peil boppekantMarpeil[1], NAP
simmerdeis:-0,2 m
winterdeis-0,4 m
peil ûnderkant-1,6 oant 2,25 m NAP
lingtegrutte kolk: 120 m[2]
lytse kolk:[3]
skutlingtemei stoarmfloeddoarren: grutte kolk: 149 m [2]
lytse kolk: 74,55 m [3]
breedtegrutte kolk: 13 m[2]
lytse kolk:8,2 m[3]
drompeldjiptegrutte kolk binnen:[2] MPbinnen –3,5 m
bûten: NAPbûten –3,5 m,
lytse kolk binnen:[3] MPbinnen –3,5 m
bûten: NAPbûten –3,5
Bou
boutiidrekjuny 1928 - july 1931
iepening7 oktober 1931
Gebrûk
hjoeddeistich gebrûkbinnenfeart, rekreaasjefeart, CEMT-klasse Va[4]
Arsjitektuer
typepuntdoarren[2][3]
bysûnderhedenVHF-kanaal 18[2][3]
By in ferskil yn wetterstân tusken Iselmarkant en Waadkant fan mear as NAP +2,15 m wurdt net skut.
Remove ads

Skiednis

De Lorentzslûzen waarden yn desimber 1952[5] neamd nei de natuerkundige Hendrik Lorentz[6]. Syn presyzjeberekkeningen leine it oankomstplak fan de Ofslútdyk yn Fryslân by Surch ynstee fan Piaam, om it stoarmgefaar te ferlytsjen.

Yn it wurkplan 1924 foar de Ofslútdyk waard it definitive plak foar de Lorentzslûzen fêstlein: tusken de twa bochten yn 'e Ofslútdyk, op 'e rêch fan it Koarnwertersân.[7] Yn totaal waarden dêr twa groepen silen oanlein en twa skutslûzen. Ut wetterkundich eachpunt wei wie der in lytse foarkar foar trije groepen silen by de Fryske kust, en twa by Den Oever, dochs it ministearje fan Definsje woe yn gefal fan in ynvaazje út it easten wei de grutste kapasiteit sa lang mooglik yn eigen hân hâlde en dêrom is de ferhâlding oarsom wurden. It skipfeartferkear foar de Fryske kust wie frij yntinsyf en twa skutslûzen waarden dêr boud. De djiptegong fan de skippen wie maksimaal likernôch trije meter en mei een drompeldjipte fan fjouwer meter koene sels de gruste skippen ek by tige leech wetter skut wurde.[7] De krusings fan it autoferkear op 'e Ofslútdyk en it skipfeartferkear makken beweechbere brêgen nedich. Mei it each op definsjebelangen waarden dat draaibrêgen, want hege ophel- of baskulebrêgen koene in dúdlik doelwyt foar fijannige artillery wêze.[7]

It kompleks waard boud yn 1928-1931 yn funksjonalistyske styl neffens ûnwerp fan Dirk Roosenburg yn gearwurking mei Buro Suderseewurken.[8]

It slûzekompleks moast foar it ôfsluten fan 'e Sudersee dien wêze foar gebrûk. By it wurk oan de dyk soene de streamen troch de lytser wurdende slútgatten sa sterk wurde, dat der gjin feilich skipferkear mear mooglik wêze koe. De bouput foar de Lorentzslûzen wie yn maaie 1928 dien.[7] De tastân fan 'e boaiem wie dêr minder geunstich as by dy fan 'e Stevinslûzen en ûnder betonnen fundearringsplaten waarden houten peallen oanheid. Yn juny 1928 waard mei de fundearring úteinset en op 15 july 1931 koene de skutslûzen brûkt wurde, dochs wie de offisjele iepening earst op 7 oktober 1931.[7] De silen kamen yn maaie 1932 ree.[7]

Remove ads

De slûzen

It kompleks bestiet út:

  • Silen. Twa bouwurken mei elts fiif spuikokers dy't it wetter losje fan de Iselmar op de Waadsee.
  • Skutslûzen. In grutte en in lytse skutslûs dy't beëasten lizze fan de silen. Fan de skutslûzen makket de skipfeart tusken de Waadsee en de Iselmar gebrûk.

It slûzekompleks is ryksmonumint.

Utwreiding

Yn 2013 joech minister Schultz van Haegen it griene ljocht foar it útwreidzjen fan 'e grutte slûs en it ferdjipjen fan 'e farslinken yn 'e Iselmar. Dêr soene skippen fan 150 meter lang, 25 meter breed en 5 meter djip mei de Ofslútdyk passearje kinne. Yn 2020 hawwe it Ryk en de provinsje dêr ôfspraken oer makke. Dat oanpasjen kin dêr ta liede dat de hoemannichte sâlt dy't yn 'e Iselmar komt, ferdûbelje.[9] Ek it djipper meitsjen fan 'e farslinke kin dêr ta liede dat it ynkommende sâlt him flugger en fierder yn 'e Iselmar ferspriedt en dêr nimt it risiko mei ta dat it de noarmen foar it drinkwetter te boppe giet.[9] Om dat de baas te bliuwen, moatte ekstra foarsjennings nedich wêze en dat makket it projekt folle djurder.[10]

Remove ads

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads