Metacritic

From Wikipedia, the free encyclopedia

Remove ads

Metacritic is in Amerikaanske webside dy't resinsjes sammelet fan films, tillefyzjeprogramma's, muzykalbums en fideospultsjes (en foarhinne ek fan boeken) en op basis dêrfan dy produkten beoardielet. De online-database fan it bedriuw is fergees tagonklik; Metacritic bestiet fan 'e reklame dy't troch oare bedriuwen op 'e webside makke wurdt. De webside ûntstie yn 2001, en hat him benammen op it mêd fan fideospultsjes ûntjûn ta de wichtichste resinsjesammelder. Op it mêd fan films en tillefyzje leit Metacritic it ôf tsjin konkurrint Rotten Tomatoes.

Fluch de feiten
Remove ads

Skiednis

Metacritic waard yn jannewaris 2001 oprjochte troch Marc Doyle, dy syn suster Julie Doyle Roberts en harren mei-studint rjochten oan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje Jason Dietz. Hja hiene doe twa jier bestege oan tarieding. Rotten Tomatoes bestie tsjin dy tiid al, mar behannele op dat stuit inkeld films. Doyle, Roberts en Dietz seagen sadwaande in gat yn 'e merk foar in resinsjesammelingswebside dy't in breder skala oan produkten beoardiele. Yn 2005 ferkochten se Metacritic oan CNET, dat letter oernommen waard troch de CBS Corporation. Anno 2019 makket Metacritic diel út fan CBS-dochterûndernimming CBS Interactive.

Remove ads

Beoardieling

Op Metacritic wurdt eltse resinsje omset yn in persintaazje, dat ferrekkene wurdt mei de persintaazjes fan 'e oare reinsjes fan itselde produkt om ta in skoaregemiddelde te kommen. Dêrby weagje guon resinsjes swierder mei as oaren, ôfhinklik fan 'e bekendheid en it statuer fan 'e resinsint. Metacritic hat sein dat se út noch yn net bekendmeitsje wolle hokker swierte oan 'e resinsjes fan hokker resinsint takend wurdt. De úteinlike skoare fan in produkt, dêr't alle yndividuële resinsjes ta ferrekkene binne, is in goedkarringspersintaazje. Sokke persintaazjes wurde op Metacritic yndield yn fiif kategoryen, wêrfan't twa werjûn wurde mei de kleur grien, foar in posityf resultaat, twa mei de kleur read, foar in negatyf resultaat, en in tuskenbeiden kategory dy't werjûn wurdt mei de kleur giel. Foar fideospultsjes jilde dêrby oare kritearia as by films, tillefyzjeprogramma's of muzykalbums. De krekte skoare sa:

Mear ynformaasje yndikaasje, foar fideospultsjes ...
Remove ads

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads