Molukken
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
De Molukken foarmje in arsjipel fan likernôch tûzen eilannen yn Yndoneezje, it is in part fan 'e Yndonezyske Arsjipel. It leit eastlik fan Sulawesi, westlik fan Nij-Guineä en noardlik fan Timor. Geografysk sjoen is it gebiet ûnderdiel fan Melaneezje, mar polityk is it fan Yndoneezje. It gebiet beslacht likernôch 74.505 kante kilometer, der wenje goed 3 miljoen (2024) minsken.
De measte eilannen fan 'e Molukken binne bercheftich, guon mei aktive fulkanen. Se hawwe in wiet klimaat. Der is in grut ferskaat yn fegetaasje op 'e smelle en lytse eilannen, sa is der reinwâld, sago, rys, en in soad speserijen as nútmuskaat en krûdnagel. De ynwenners wienen oarspronklik Melaneesk, mar in grut part fan 'e befolking waard fermoarde yn 'e 17e iuw, benammen op 'e Banda-eilannen.
Fan 1950 oant 1999 wienen de Molukken in eigen provinsje. Yn 1999 de Noard-Molukken en Halmahera Tengah regintskippen waarden ôfsplitst as in selsstannige provinsje, dat de eilannen binne no twa provinsjes, Molukken (ek wol Súd-Molukkken) en Noard-Molukken.
Tusken 1999 en 2002 wie it gebiet yn it nijs troch de religieuze konflikten tusken moslims en kristenen. Oarsaak wie ûnder oaren de komst fan Javanen, dy’t fan tichtbefolke Yndonezyske eilannen nei it gebiet kamen. Op 'e Molukken is likernôch de helte fan 'e befolking kristlik, wylst it meastepart fan Yndoneezje moslim is. Tusken de Molukkers ûnderling hat it nea in probleem west, mar mei de komst fan 'e strangere Javanen rûn it dochs út 'e hân. Yn 'e lêste jierren is it rêstich tusken de befolkingsgroepen.
Remove ads
Namme
De namme is nei alle gedachten ôflaat fan Jazirat al-Muluk, of wol "Eilân fan de Keningen", in namme dy’t Arabyske hannelers oan dizze eilannen joegen.
Geografy
De Molukken wurde ferdield yn twa provinsjes, dy’t wer ûnderferdield binne in fierdere eilannegroepen.
|
|
Skiednis
De earste bewizen fan minsklike bewenning binne likernôch 32.000 jier âld, mar fynsten fan eardere bewenning yn Austraalje kin betsjutte dat de Molukken al earder bewenne wiene. Yn it begjin fan 'e 16e iuw kamen de Portegezen oan yn it gebiet. Se kamen dêr foar de hannel yn speserijen, dêrfoar waard dizze hannel dien troch de Arabieren. Hast in iuw letter, oan 'e ein fan 'e 16e iuw kamen de Nederlanners yn it gebiet oan. Dy namen it gebiet oer yn gearwurking mei de lokale befolking en yn 1605 waard Frederik de Houtman foar de Feriene Eastyndyske Kompanjy de earste Nederlânske gûverneur fan Ambon. Dêrnei hat Ambon koarte tiid yn hannen west fan 'e Spanjerts en fan 1810 oant 1816 ek noch fan 'e Britten. It wie dêrnei oant it ûnôfhinklik wurden fan Yndoneezje in Nederlânske koloanje.
Nei it ûnôfhinklik wurden fan Yndoneezje waard yn 1950 de Republyk fan de Súd-Molukken stifte. Mar nei 17 jier fan striid tsjin Yndoneezje waarden de Molukken oermastere troch Yndoneezje.
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads
