National Football League
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
De National Football League (NFL) is de grutste profesjonele American footballkompetysje fan de Feriene Steaten. De kompetysje bestiet út 32 teams, ferspraat oer Amerikaanske stêden en regio's.
De NFL bestiet út twa kompetysjes, nammentlik de American Football Conference (AFC) en de National Football Conference (NFC). Eltse kompetysje is fierder ûnderferdield yn fjouwer difyzjes (East, Noard, West en Súd), dy't elk fertsjinwurdige wurde troch fjouwer teams. Yn it reguliere seizoen, meastentiids fan septimber oant desimber, spylje alle teams 17 wedstriden. Oan de ein fan it seizoen spylje de sân bêste teams (de fjouwer difyzjewinners en trije wildcard-teams) fan de twa kompetysjes yn de play-offs. Earst is it wildcardwykein. Dan spylje de wildcardwinners tsjin de nûmers twa, trije en fjouwer fan de kompetysje. De winners fan dy wedstriden spylje tsjin de nûmers ien fan de kompetysje.
De winner fan de AFC spilet dêrnei tsjin de winner fan de NFC yn de NFL-kampioenswedstriid, de Super Bowl. Dizze wedstriid wurdt spile op in yn it foar bepaalde lokaasje, normaalwei in stêd mei in NFL-team. De wike dêrfoar docht in tal selektearre spilers mei oan de Pro Bowl, dy't sûnt 1979 yn Honolulu (Hawaï) spile wurdt.
Ek yn Jeropa wie der in NFL-kompetysje: NFL Jeropa. Yn dizze kompetysje spilen de Jeropeeske American footballklups, lykas de Amsterdam Admirals. Op 29 juny 2007 waard de NFL Jeropa opheft.
Remove ads
Teams
Der binne 32 NFL-teams. Eltse klup mei yn it reguliere seizoen in seleksje ha fan op syn meast 53 spilers. Yn tsjinstelling ta de Major League Baseball, Major League Soccer, National Basketball Association en de National Hockey League, hat de NFL gjin Kanadeeske teams, om't dy mei de Canadian Football League harren eigen kompetysje hawwe.
De folgjende teams spylje yn de NFL:
Measte titels
Rekôrkampioen is Green Bay Packers mei trettjin NFL-titels, folge troch Chicago Bears en New York Giants, mei respektyflik njoggen en acht titels.
Remove ads
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads
