New Sensations (filmstudio)

From Wikipedia, the free encyclopedia

Remove ads

New Sensations is in Amerikaanske pornografyske filmstudio dy't fêstige is yn Chatsworth, yn 'e steat Kalifornje. Sûnt syn oprjochting yn 1993, troch Scott Taylor, hat er him ûntjûn ta ien fan 'e grutste pornostudio's fan 'e Feriene Steaten, en yn 2006 waard it troch it parseburo Reuters omskreaun as ien fan it hantsjefol studio's dat de Amerikaanske pornoyndustry dominearret.

Fluch de feiten

De earste films dy't New Sensations (letterlik: "Nije Gewaarwurdings") op 'e merk brocht, hearden ta de rige Video Virgins, dy't rûn fan 1993 oant 1998. De studio hat de lêste jierren opsjoch jûn mei in searje pornografyske parodyen op mainstream-tillefyzjesearjes, lykas The X-Files: A XXX Parody, Scrubs: A XXX Parody, That 70's Show: A XXX Parody en 30 Rock: A XXX Parody. New Sensations is de memme-ûndernimming en it susterlabel fan Digital Sin.

Remove ads

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads