PC 2012

From Wikipedia, the free encyclopedia

PC 2012
Remove ads

De PC fan 2012 waard op woansdei 1 augustus ferkeatst. It wie de 159ste edysje fan de wichtichste keatspartij fan it jier. It wie in waarme simmerdei mei in protte sinne en eins gjin wyn. Fierder waarden foar it fjild foar it earst fleurige gele linen brûkt, dy't der foar soargje moatte dat útballen dúdliker te sjen binne. Der wiene dit jier net in soart spannende partijen, de stân fiif earsten kaam yn mar ien partij oan de tillegraaf. Wol waarden der oer de hiele dei in protte opslachmissers makke, wat in protte ynfloed hie op it ferrin fan de partijen.

Thumb
It winnende perk yn aksje
Remove ads

It Lotsjen

Thumb
Taeke Triemstra wachtet op de bal

Op moandei 30 july waard de lotting hâlden yn de Koarnbeurs. De haadklassepartoeren sieten net raar ferdield, wol siet it partoer fan Olijnsma yn de boppeste 8 partoeren mei op foarhân net in soad konkurrinsje. De grutte favoriten, van der Bos c.s. soene yn de heale finale de grutste konkurrint de Groot c.s. treffe kinne.

Earste List

Yn de earste omloop wiene der net in soart ferrassings. Wol wie it sa dat de partoeren van Olijnsma en Van der Bos yn harren wedstriid tsjin earste klas partoeren it harren sels muoilik makken troch in protte fouten. Beide kamen earst ek in spul om neat achter, mar woenen úteinlik maklik. Yn de partij fan Van der Bos krigen de favoriten it publyk wat tsjin om't hja by de skiedsrjochter oanmerkings makken op it flugge útkommen fan Hendrik-Jan van der Velde op de opslach fan Van der Bos. It partoer fan Van Althuis, yn 2010 noch finalist, waard wol hiel fluch fan de list ferwidere troch it partoer fan Tolsma.

Remove ads

Twadde List

Yn de twadde omloop sneuvele ien fan de favoriten. It partoer fan de Groot koe it net bolwurkje tsjin it partoer fan Johan van der Meulen dy't degelik stiene te keatsen. Gert Anne van der Bos hiene wer in drege start tsjin it partoer fan Michiel Scheepvaart. Troch fouten kamen se wer in spul achter te stean, mar lokkich foar harren kamen se troch fouten fan de tsjinstanner wol wer op spullen gelyk. Úteinlik woenen van der Bos mei 5-4. Olijnsma hie mei syn maten net in soad muoite. Ek it partoer fan Hendrik Tolsma gie maklik nei de heale finales, hja krigen krekt as yn de earste omloop gjin ien earst tsjin.

Heale Finale

De earste heale finale fan Van der Bos c.s. tsjin Van der Meulen wie in iensidige partij. De grutte favoriten lieten harren kwaliteiten foar it earst op de dei sjen en wie in klasse better as Van der Meulen c.s. De partij van Olijnsma tsjin Tolsma wie hiel wat spannender. De partij gie hieltiten gelyk op, en dat kaam meiname troch in protte opslachmissers fan Olijnsma. Dêrtroch kaam it partoer fan Tolsma hiel ferrassend yn de finale. Op de stân fiif earsten gelyk gie de oerwinning hiel maklik nei Tolsma c.s. Nei alwer twa opslachmissers fan Olijnsma koe Thomas van Zuiden de partij mei in boppeslach útmeitsje.

Remove ads

Finale

Foar de finale wie de ferwachting dat Van der Bos c.s. wol mei it partoer fan Tolsma rêde soe. Sels hiene se yn de heale finale de tsjinstanners alle hoeken fan it fjild sjen litten, wylst it partoer fan Tolsma in drege partij hân hie. It begûn oars, it partoer fan Tolsma stie sa goed as foutleas te keatsen en krigen ek de earste earsten oan de tillegraaf. It publyk tocht al dat it partoer Tolsma maklik winne soe doe't se ek it fjirde en fyfte boardsje yn hellen. Op de stân 3-1 en 6-2 sloech René Anema de opslach fan Van der Bos ûnderhâns boppe. Op 4-1 6-6 wie it Tolsma dy't mei in moaie tuskenynske opslach derfoar soarge dat Iseger de bal net út it perk krije koe, mar dêrnei wie it it partoer fan Van der Bos dy't weromkamen. Mei in tal boppeslaggen fan Taeke Triemstra en sitballen fan Van der Bos stiene se samar wer op 5-3. By dy stân wie it Tolsma dy't nei de kant moast foar fersoarging fanwege kramp. Doe't Tolsma, mei syn skonken hielendal yntape, wêr op it fjild kaam, koe hy dochs net mear opslaan en hat de wedstriid fierder as balkearder meidien. Partoer van der Bos hie de gong der wat út nei de ûnderbrekking, mar pakte dochs noch wol in fjirde boardsje. Dêrnei wie it René Anema dy't by 5-4 6-2 mei in keats op de boppe de bal boppe sloech en dêrmei de oerwinning feilich stelde.

Remove ads

Flaggefertoaning

Foar de finale waard der in Flaggefertoaning hâlden om't Fryslân fan 't jier it wrâldkampioenskip keatsen organisearret. Dêrby rûnen skoaljonges mei de flaggen fan de dielnimmende lannen oer it Sjûkelân.

List fan dielnimmers

1Jan Dirk de GrootBûtenpost
Renze Pieter HiemstraSint Jabik
Pier PiersmaEasterlittens
2Dirk-Yde SjaardaEasterein
Hendrik Bouwhuis Boalsert
Jouke BosjeBaaium
3Site Ferwerda Grins
Siebe GreidanusWjelsryp
Rudolf SoepboerHolwert
4Johan van der MeulenDamwâld
Folkert van der WeiWytmarsum
Marten FeenstraFeinsum
5Pieter Vogels Grins
Jan Sjoerd TolsmaDeinum
Steven de BruinTsjummearum
6Michiel ScheepvaartMakkum
Jacob ZaagemansWarkum
Gert Jan MeekmaWytmarsum
7Gert-Anne van der BosHolwert
Taeke TriemstraSint Jabik
Daniël Iseger Ljouwert
8Haye Jan NicolayBritsum
Hendrik Jan van der Velde Boalsert
Tjisse SteenstraBitgummole
9Martijn OlijnsmaHijum
Hylke BruinsmaMinnertsgea
Alle Jan Anema It Hearrenfean
10Peter van ZuidenTsjerkwert
Hyltje BosmaMakkum
Lennart AdemaMakkum
11Pieter Bakker Ljouwert
Karel Nijman Ljouwert
Tjibbe HansmaMûnein
12Bauke TriemstraSint Jabik
Pieter Jan Plat Ljouwert
Hendrik KootstraMinnertsgea
13Pieter van AlthuisFrjentsjer
Michel van der VeenFrjentsjer
Hans WassenaarTsjummearum
14Hendrik TolsmaGoutum
René AnemaBalk
Thomas van ZuidenTsjerkwert
15Jelte-Pieter DijkstraEasterein
Erik HaitsmaWommels
Peter de Boer Ljouwert
16Menno van ZwietenPeins
Sjoerd de JongWommels
Jacob Klaas HaitsmaSint Anne
Remove ads

Utslaggen

1e list
1Jan Dirk de Groot c.s.-2Dirk-Yde Sjaarda c.s.5-2 (6-3)
3Site Ferwerda c.s.-4Johan van der Meulen c.s.4-5 (0-6)
5Pieter Vogels c.s.-6Michiel Scheepvaart c.s.2-5 (2-6)
7Gert-Anne van der Bos c.s.-8Haye Jan Nicolay c.s.5-3 (6-4)
9Martijn Olijnsma c.s-10Peter van Zuiden c.s.5-2 (6-2)
11Pieter Bakker c.s.-12Bauke Triemstra c.s.3-5 (6-6)
13Pieter van Althuis c.s.-14Hendrik Tolsma c.s.0-5 (6-6)
15Jelte-Pieter Dijkstra c.s.-16Menno van Zwieten c.s.5-2 (6-6)
2e list
1Jan-Dirk de Groot c.s.-4Johan van der Meulen c.s.3-5 (0-6)
6Michiel Scheepvaart c.s.-7Gert-Anne van der Bos c.s.4-5 (4-6)
9Martijn Olijnsma c.s.-12Bauke Triemstra c.s.5-3 (6-2)
14Hendrik Tolsma c.s.-15Jelte-Pieter Dijkstra c.s.5-0 (6-0)
3e list
4Johan van der Meulen c.s.-7Gert-Anne van der Bos c.s.1-5 (0-6)
9Martijn Olijnsma c.s.-15Hendrik Tolsma c.s.5-5 (2-6)
finale
7Gert-Anne van der Bos c.s.-14Hendrik Tolsma c.s.4-5 (2-6)

Kening PC 2012

Thomas van der Zuiden waard mei 8 punten útroppen ta kening foar Hendrik Tolsma mei 7 stimmen.

Remove ads
Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads