PC 2014

From Wikipedia, the free encyclopedia

Remove ads

De PC fan 2014 waard op woansdei 30 july ferkeatst. It wie de 161ste edysje fan de wichtichste keatspartij fan it jier. It wie in moaie simmerdei mei ideale keatsomstannichheden.

Fluch de feiten
Remove ads

It Lotsjen

Thumb
Marten Feenstra en Pier Piersma

Mei it lotsjen wiene der foar it earst twa partoeren pleatst. De earste twa partoeren yn de 'ranking' waarden sadanich pleatst dat sy net tsjin inoar keatse koene. De lotting wie moai ferdield sadat de sterkere partoeren mekoar meast yn de heale finale tsjinkomme soene. Ek wie it opmerklik dat it partoer fan Menno van Zwieten net meidwaan mocht, as sânde op de 'ranking' moasten ja dochs mei de 'keats-off' meidwaan om it lêste PC-plakje, en dy waard wûn troch it partoer fan Johannes van der Veen.

Remove ads

Earste List

Oan it begjin fan de dei wy der fuort in ferrassing. It partoer fan Johan van der Meulen waard fuort fan de list ferwidere troch it degelik keatsende jonge partoer fan Haye Jan Nicolay. It partoer fan Johan van der Meulen kaam net ien kear yn de wedstriid en sa wie de PC fan de winners fan de foarige PC gau ôfrûn. De oare top partoeren wûnen harren wedstriid allegear maklik en troch goed te keatsen.

Mear ynformaasje nû., partoer ...
Remove ads

Twadde List

Op de twadde list waard it partoer fan Haye Jan Nicolay ferslein toch it partoer fan Jelte Pieter Dijkstra. It partoer fan Jan Dirk de Groot waard ferslein troch Martijn Olijnsma. De favorite partoeren van van der Bos en Steenstra giene maklik nei de heale finale.

Mear ynformaasje nû., partoer ...

Heale Finale

Yn de heale finale waard Teake Triemstra yn it partoer fan Gert Anne van der Bos ferfong troch Jacob Wassenaar. Wassenaar naam de lêste wiken wol faker it plak fan Teake yn dy't in langduorjende blessuere oan syn skouder hie. Yn harren wedstriid tsjin Tsjisse Steenstra kamen se earst wol in spul achter, wylst sy op de stuit begûnen. It perk fan Cornelis Terpstra en Herman Sprik joech mear tsjinstân dan yn de eardere omlopen. Mar doe't se ien kear yn it perk steane doe kearde de partij en waard der maklik wûn, benammen trochdat Jacob Wassenaar foaryn geweldich stie te keatsen. Yn de oare partij hie it bettere partoer fan Olijnsma muoite om te winnen fan Jelte Pieter Dijkstra. Nei in foarsprong fan 3-5 waard der dochs noch ferlern, benammen troch in protte fouten. Dit wie de lêste kâns op in PC oerwinning foar Marten Feenstra dy't syn lêste seizoen keatste.

Mear ynformaasje nû., partoer ...
Remove ads

Finale

Thumb
It winnende perk yn aksje

De finale wie ienrjochtingsferkear. It partoer fan Jelte Pieter Dijkstra wie hielendal útkeatst en koe gjin fûst meitsje tsjin de favoriten. Benammen Jacob Wassenaar liet wer sjen dat der it keatsen noch net ferleard wie en jage in protte ballen oer de boppe.

Mear ynformaasje nû., partoer ...

Kening PC 2014

Daniël Iseger waard foar de tredde kear útroppen ta kening fan de PC.

Remove ads

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads