Piet Hemminga

From Wikipedia, the free encyclopedia

Remove ads

Piet Hemminga (folút: Pieter Hemminga; Aldehaske, 19 novimber 1946) is in Frysk bestjoerskundige en publisist, ûnder mear op it mêd fan de Fryske taal.

Fluch de feiten
Remove ads

Libben en karriêre

Hemminga waard yn 1946 berne yn Aldehaske. Hy studearre sosjale wittenskippen oan de Ryksuniversiteit Grins en ûntlei him neitiid ta bestjoerskundige. Fan 1976 oant 1991 wied er direkteur fan de Fryske Kultuerried, en fan 1989 oant 2000 wied er earst lid en letter foarsitter fan de Programmaried fan Omrop Fryslân.

Fierders wie Hemminga fan 1993 oant 2011 ferbûn oan de Fryske Akademy, wêrfoar't er ûnder mear lêzings hold oer saken as gemeentlike weryndieling, provinsjale polityk en taalbelied. Yn 2000 ferskynde fan him it boek Het Beleid inzake Unieke Regionale Talen, wêrfoar't er de ferhâlding tusken minderheidstaal en oerheid op it mêd fan it Frysk, it Noardfrysk en it Sorbysk mei-inoar ferliek. Dat wie in proefskrift wêrmei't er datselde jiers oan de Universiteit fan Amsterdam promovearre.

Remove ads

Wurk

  • 2000 – Het Beleid inzake Unieke Regionale Talen
  • 2001 – De Aktuele Steat fan Fryslân
  • 2008 – Fryslân: Fêstens en Feroaring (yn: De Fryslannen, û.red.f. Sytze T. Hiemstra)
  • 2010 – Management fan it Fryske Taalbelied
  • 2011 – Alarmfaze Oranje: De Fryske Oerheid yn de 21ste Ieu

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads