Poppoadium Romein
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
Poppoadium Romein waard yn septimber 2006 oprjochte en ûntwikkele him as poppoadium fan Ljouwert. It gebou stie oan de Beginestrjitte, flakby it Hofplein en wie aktyf oant 2015. Poppoadium Romein sleat syn doarren fanwege de bou fan it nije Ljouwerter poppoadium Neushoorn.


De Fryske poptimpel
Poppoadium Romein programmearre alle wiken in breed programma. It poadium wie tige súksesfol mei syn metalprogramma. Grutte nammen as Entombed, Behemoth, Amorphis, Gorgoroth, Impaled Nazarene, Marduk, Vader, Ensiferum en Sepultura treden hjir op. Troch de karakteristike sfear waard it poppoadium ek wol 'lyts Paradiso' neamd, nei poppoadium Paradiso yn Amsterdam.
De grutte seal fan Romein hie in kapasiteit fan 500 besikers. Ek wiene der mei regelmaat optredens yn it kafee, dat romte biedt oan 125 besikers. Der wurken in soad frijwilligers yn Poppoadium Romein, yn de hoareka, technyk, promoasje, ljocht en lûd. De deiske lieding wie yn hannen fan in professjonele stêf.
Remove ads
Tsjerke
Poppoadium Romein siet yn de eardere Westertsjerke, fan oarsprong de kapel fan it begynhof. Sûnt 1992 siet hjir Teater Romein, neamd nei stedsarsjitekt Thomas Adrianus Romein, dy't de tsjerke yn 1845 ferboude.
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads