Rely Jorritsmapriis

From Wikipedia, the free encyclopedia

Remove ads

De Rely Jorritsmapriis is in Fryske literatuerpriis dy't alle jierren takend wurdt foar it bêste ynstjoerde ferhaal en/of gedicht fan it foargeande jier. De winners wurde bepaald troch in faksjuery. It prizejild, yn 2004 5.000 euro, wurdt útkeard út it Rely Jorritsma Fûns, dat beheard wurdt troch de gemeente Littenseradiel. Alle jierren kinne op syn heechst 5 prizen ferjûn wurde yn beide sjenres. De prizen wurde útrikt yn it tsjerkje fan Bears.

Fluch de feiten

De priis is foar it earst takend yn 1955. Hy is ynsteld nei in beskikking yn it testamint fan de dichter Rely Jorritsma (1905-1952), dy't mei dat doel syn fermogen neiliet oan de eardere gemeente Baarderadiel, yn 1984 opgien yn Littenseradiel. Yn earste ynstânsje hie Jorritsma it ferjaan fan de prizen tabetroud oan de Fryske Bibleteek, mar omdat er der fuort al rekken mei hâlden hie dat der wol ris in ein komme koe oan de aktiviteiten dêrfan (1979), waard de gemeente Baarderadiel as ferfanger yn it testamint neamd. Sûnt de weryndieling fan 1984 foarmet it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Littenseradiel it bestjoer fan it fûns.

Yn 2004 hawwe de Afûk en it ynternettydskrift Doar ûnder de namme Junior Rely in jongereinfariant fan de priis, mei in wearde fan 750 euro ynsteld.

Remove ads

List mei winners

Fan it seizoen 1954-1955 oant en mei it seizoen 1978-1979, waarden de priisfragen oantsjutten mei it jier dêr't de priis fraach yn útskreaun waard. Mei yngong fan it seizoen 1979-1980 wurde se oantsjutten mei it jier fan de útrikking. Der is dêrmei gjin priis dy't oantsjutten wurdt mei it jiertal 1979.
Koos Tiemersma wûn in Rely mei it ferhaal De ereksje fan in oar, Lomme Schokker mei it ferhaal It weagjen fan de see, Sipke de Schiffart mei it ferhaal In bysûndere moeting.

Mear ynformaasje Jier, Ferhalen ...
Remove ads

Keppeling om utens

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads