Renee O'Connor

From Wikipedia, the free encyclopedia

Renee O'Connor
Remove ads

Renee O'Connor (folút: Evelyn Renee O'Connor; Katy (Teksas), 15 febrewaris 1971) is in Amerikaansk aktrise, regisseur, tillefyzjeprodusinte en senarioskriuwster fan etnysk Iersk komôf, dy't benammentlik bekend wurden is fan har rol as Gabrielle yn 'e tillefyzjerige Xena: Warrior Princess.

Fluch de feiten
Remove ads

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

O'Connor waard yn 1971 berne yn 'e Amerikaanske steat Teksas, en groeide op yn it foarstedske Katy, deunby Houston. Se genoat fuortset ûnderwiis oan 'e Kinder High School for the Performing and Visual Arts yn Houston, in middelbere skoalle dy't spesifyk talein is op ekstra ûnderwiis yn 'e poadiumkeunsten. Op har tolfde sette se dêrnjonken útein mei in oplieding yn aktearjen oan it Alley Theatre, ek yn Houston. O'Connor makke har profesjonele debút op jonge leeftyd as dûnseresse yn in Porky Pig-kostúm yn it ferdivedaasjepark Six Flags AstroWorld yn Houston.

Karriêre

Nei't se mei sechstjin jier ferhuze wie nei Los Angeles, yn Kalifornje, sette O'Connor útein mei har karriêre as aktrise mei in hiele rige reklamespotsjes en lytse roltsje yn tillefyzjesearjes en B-films. Yn 1993 spile se de rol fan Julia Wilks yn The Adventures of Huck Finn, nei in jeugdroman fan Mark Twain. Datselde jiers hie se ek in gastrol yn in ôflevering fan 'e plysjesearje NYPD Blue.

Yn 1994 krige O'Connor de rol fan 'e jonge Deïaneira, de (lettere) frou fan 'e Grykske held en healgod Herkules, yn 'e tillefyzjefilm Hercules and the Lost Kingdom. Dat wie sa'n súkses, dat produsinten Robert G. Tapert en Sam Raimi har it jiers dêrop casten yn in fêste rol yn 'e fantasytillefyzjesearje Xena: Warrior Princess. O'Connor spile yn dy rige de rol fan Gabrielle, de fêste selsskipsfrou fan haadpersoan Xena (spile troch de Nijseelânske aktrise Lucy Lawless) De searje rûn fan 1995 oant 2001, en besoarge Lawless en O'Connor in grutte kliber fêste fans. Dy skaaide boppemjittich út nei homo's en fral lesbiënnes, mei't de dûbelsinnige relaasje fan Xena en Gabrielle as lesbysk opfet waard.

Fierders hie O'Connor gastrollen yn fjouwer ôfleverings fan 'e searje Hercules: The Legendary Journeys, dêr't Xena: Warrior Princess in spin-off-rige fan wie. Nei't Xena yn 2001 stopset waard, spile O'Connor wer yn ferskate B-films, en op 'e tillefyzje hie se û.m. in gastrol yn in ôflevering fan 'e plysjesearje Criminal Minds. Yn 2002 stie se yn Los Angeles op 'e planken yn Shakespeare syn toanielstik Macbeth, yn 'e drege rol fan frouwe Macbeth.

Njonken har aktearjen regissearre O'Connor yn 1999 en 2001 twa ôfleverings fan Xena, en letter noch ferskate tillefyzjefilms. Fan 2008 ôf wie se ek wurksum as tillefyzjeprodusinte, en yn 2010 skreau se it senario foar de koarte film Words Unspoken, dy't se sels ek regissearre en produsearre. Mei Words Unspoken wûn se yn 2010 de earste priis yn 'e kategory foar koarte films op it Filmfestival fan Las Vegas. Sûnt 2002 is O'Connor eigneresse fan har eigenoprjochte tillefyzje- en filmstudio ROC Productions (de ôfkoarting is gearstald út har inisjalen).

Yn 'e twadde helte fan 'e 2010-er jierren kearde O'Connor werom nei it toaniel en spile û.m. yn 'e toanielstikken Romeo en Julia (2018) fan Shakespeare en Omke Vanja fan Tsjechov, en yn 'e musicals Annie (2017), Mary Poppins (2018) en The Wizard of Oz (2019). Yn dat lêste stik hie se de rol fan 'e Boaze Hekse fan it Westen. O'Connor besiket noch altiten trou alle Xena-konvinsjes en ek mear algemiene science fiction- en fantasy-konvinsjes.

Priveelibben

Fan 1998 hie O'Connor in relaasje mei restauranthâlder Steve Muir, mei wa't se in soan krige, Miles Muir. Dyselde wie yn maaie 2018 sechstjin jier, doe't de media der ferslach fan diene dat er as akteur yn deselde produksje fan Romeo en Julia spile as syn mem. It houlik fan O'Connor en Muir einige yn 2005 yn in skieding, wêrnei't O'Connor in relaasje krige mei akteur Jed Sura. Hja rekke al rillegau swier en brocht yn 2006 in dochter te wrâld, dy't de namme Iris Sura O'Connor krige. Yn 2017, nei't se al mear as tsien jier gearwenne hiene, trouden O'Connor en Sura.

Remove ads

Filmografy

Mear ynformaasje jier, titel ...
Remove ads

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads