Serious Request
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
3FM Serious Request (meastentiids ôfkoarte ta Serious Request) is in alle jierren weromkearende aksje fan 'e Nederlânske radiostjoerder 3FM wêrby't jild ynsammele wurdt foar it goede doel. Trije dj's litte har seis dagen lang sûnder iten opslute yn in Glêzen Hús earnewêr yn Nederlân. Under de tiid dat se opsletten sitte, draaie se dei en nacht platen, yn ruil foar donaasjes troch de harkers. Fierders wurde by de aksje ek bekende Nederlanners ynset en wurde beskate dingen by opbod ferkocht.
De aksje wurdt sûnt 2004 holden yn 'e wike foar de kryst. Nei de aksje wurdt de Top Serious Request útstjoerd, dêr't alle oanfrege platen noch in kear by draaid wurde. Fan 18 desimber oant 24 desimber 2013 stie it Glêzen Hús yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert.
Remove ads
Fernijingen
Fan 2018 ôf waard it glêzen hûs ferfongen troch in kuiertocht, mar yn 2021 waard dizze feroaring wer weromdraait en sitte de de dj's wer yn in glêzen hûs, mar mei dit ferskil dat de dj's no al ite meie. Yn 2020 waard der foar it lêst jild ynsammele foar it Reade Krús. Yn 2021 waard der jild ynsammele foar it Wrâld Natoer Fûns, en yn 2022 wurd it jild ynsammele foar de stifting Het Vergeten Kind.
Remove ads
Edysjes
![]() | Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Serious Request fan Wikimedia Commons. |
Remove ads
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads