Serize

From Wikipedia, the free encyclopedia

Remove ads

Serize (útspr.: [sə'ri:zə], likernôch: "suh-rii-zuh") is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan rôze, mar dy't ek wat útskaait nei read en nei fiolet. De namme 'serize' komt fan it Frânske wurd cerise, dat yn syn oarspronklike betsjutting ferwiist nei de kers, d.w.s. de frucht fan 'e kersebeam.

Fluch de feiten
Remove ads

Skiednis

Thumb
Kersen.

De earste kear dat cerise yn it Ingelsk brûkt waard om nei in kleur te ferwizen wie yn in kranteberjocht yn The Times fan 30 novimber 1858. Men mei oannimme dat de kleurnamme net folle letter ek oare Jeropeeske talen binnenkrongen is.

Kleurtechnyk

By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is serize in tertiêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch ferminging fan alle trije primêre kleuren (read, blau en grien). By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it in ek in tertiêre kleur, dy't produsearre wurdt troch it fermingen fan 'e primêre kleuren syaan, maginta en giel.

Besibbe tinten

serize #DE3163                         
Hollywoodserize #F400A1       
djipserize #DA3287       
irresistable #B3446C       

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads