Sheerness

From Wikipedia, the free encyclopedia

Sheerness
Remove ads

Sheerness is in stêd op it eilân Sheppey yn it Ingelske greefskip Kent. It is it grutste plak op it eilân.

Fluch de feiten
Thumb
Sheppey, op de fierst noardwestlike punt leit Sheerness
Remove ads

Ut de skiednis

Sheerness moast by de oanfal troch de Nederlânske marine yn juny 1667 belies jaan, doe't 72 skippen ûnder de Tocht nei Chatham it lytse fort dêre oermasteren. It beskaafde hâlden en dragen fan de besettingsmacht fernuvere de ynwenners fan Sheerness: de mariniers betellen gewoan foar harren mielen. By de betinking, 300 jier letter, waard de Nederlânske marine mei dêrom wer útnûge.

Sheerness hie in keninklike skipswerf. Sûnt 1860 leit it plak oan it spoar. Sheerness hat in wichtige haven, dêr't fral auto's en goed foar de swier yndustry oan- en ôffierd wurdt. De Olau Line ûnderhold oant 1994 in feartsjinst mei twa skippen tusken Sheerness en Flissingen.

Remove ads

Keppeling om utens

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads