Sompeparlemoerflinter

From Wikipedia, the free encyclopedia

Sompeparlemoerflinter
Remove ads

De sompeparlemoerflinter (Euphydryas aurinia) is in flintersoarte yn it skaai fan de damboerdflinters (Euphydryas).

Fluch de feiten taksonomy, soarte ...
Remove ads

Foarkommen

De sompeparlemoerflinter stiet op de Nederlânske reade list oanjûn as ferdwûn yn Nederlân. It is dan ek in beskerme soart. De lêste populaasje is yn 1982 ferdwûn. Dizze populaasje wie flakby Utert. De flinter hâldt fan skrale fochtige greiden. Ek hâlde se fan de blaugerzen. De flinter is tige algemien yn Sintraal- en Súd-Jeropa.

De flinter

De wjuklingte is likernôch 16 oant 22 mm. De boppekant fan de wjukken is swart mei oranje plakken. Dizze oranje plakken kinne op ferskillende manieren oardere wêze. Yn de binnenkant fan de wjukken hawwe de oranje plakken giele stipkes. Op de bûtenkant fan de wjukken hawwe de oranje plakken swarte stipkes.

Fleantiid

De flinter fleant fan begjin maaie oant heal juny. De flinter fleant altyd yn ien generaasje. De flinters wurde hast noait sjoen at se nektar drinke. De mantsjes sykje daliks in wyfke.

Rûp

De rûp oerwinteret yn in speanzelsnest. De ferpopping bart yn de fegetaasje. De aaikes wurde yn grutte oantallen ôfset op de blêden fan de weardplant.

De rûp fret: blauwe knoop, druvekrûd.

Thumb

Sjoch ek

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads