From Wikipedia, the free encyclopedia
Sosjaaldemokrasy is de oantsjutting foar in politike beweging dy't op demokratyske wize yn de besteande maatskiplike of politike oarder in sosjale wetjouwing of in stadige herfoarming op grûn fan min ofte mear egalitêre begjinsels foarstiet. Sosjaaldemokraten binne oanhingers fan dy beweging.
Faak wurdt de term sosjalisme brûkt om sosjaaldemokraten oan te tsjutten, al is sosjalisme in breder begryp dat ek linksere ideologyen binnen en bûten it parlemintêr stelsel (lykas al as net revolúsjonêre kommunisten en soms anargisten) omfettet. Der wurde wol fraachtekens setten by de yndieling fan sosjaaldemokrasy ûnder sosjalisme, benammen troch linksere sosjalisten.
Begjin tweintichste iuw kaam der in skieding yn it sosjalisme tusken de revolúsjonêren en parlemintêren.
Foar de Oktoberrevolúsje fan 1917 yn Ruslân waard de oantsjutting ‘sosjaaldemokratysk’ ek brûkt foar marksistysk-revolúsjonêre partijen. Nei 1918 feroaren in protte fan dy partijen harren namme yn ‘kommunistyske partij’, lykas de Russyske Kommunistyske Partij, dy't dêrfoar Russyske Sosjaaldemokratyske Partij hiet.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Socalism fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.