From Wikipedia, the free encyclopedia
Surch is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, oan de seedyk tusken Harns en de Ofslútdyk. Foar de gemeentlike weryndieling fan 2011 lei Surch yn de gemeente Wûnseradiel. It leit wat benoarden fan it plak dêr't de Ofslútdyk de Fryske kust berikt. It doarp hie yn 2021 145 ynwenners. Troch de bou fan de Ofslútdyk wie der fan 1922 oant 1932 in soad te rêden yn it doarp.
Surch | |
---|---|
Himrik fan Surch yn de eardere gemeente Wûnseradiel | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Nederlân |
Provinsje | Fryslân |
Gemeente | Súdwest-Fryslân |
Sifers | |
Ynwennertal | 145 (2021)[1] |
Oar | |
Tiidsône | UTC +1 |
Simmertiid | UTC +2 |
Koördinaten | 53° 6' 43" NB, 5° 23' 38" EL |
Webside | Side Surch |
De buorskip Ald Mar leit eastlik fan it doarp oan de oare kant fan de N31. It wie eartiids it ferlingde fan de doarpskom, mar waard dêrfan skaat doe't de Rykswei oanlein waard. Ek in part fan de buorskip Goaium falt ûnder Surch, allyk de eardere buorskip Ottebuorren, dy't hjoed-de-dei ek wol ta Goaium rekkene wurdt.
De namme Surch is wierskynlik ôflaat fan Suderinghe wat súdhoeke betsjutte soe. It ûntstie op de súdlike ouwer fan de De Marne (wetter).
De Nederlânske namme Zurich liket sterk op Zürich, de Dútske namme fan de grutste stêd fan Switserlân. Dêrtroch krijt it doarp in soad besikers, ek út dat lân. Tsjin it plan fan de gemeente Wûnseradiel foar it ferfryskjen fan de namme yn it jier 2000 ûntstie yn it doarp dan ek in soad ferset.
Yn 1998 waard it doarp troch in fersekeringsmaatskippij, dy't ek Zurich hjit, in nij gebou foar it keatsfjild tasein. Mar neidat it plan yntsjinne wie, klaude it bedriuw werom. It soe allegear in misferstân west ha.
It tsjerke (mei sealdaktoer) fan Surch waard yn 1772 ôfbrutsen, mar de toer bleau stean troch syn funksje as beaken foar de skipfeart. In lytse hûndert jier letter waard der in nije tsjerke tsjinoan boud.
Surch hat in eigen feriening foar Doarpsbelang. Fierder is der begraffenisferiening Buurteplicht, in frouljusferiening, iisferiening en in feestkommisje. It doarpshûs It String stiet oan de Caspar de Roblesdyk. It doarp hat ek syn eigen doarpsliet "Boerinne fan Surch".
Troch it plak rint ek de Jeropeeske Kuierrûte E9, ek wol North Sea Trail neamd. De E9 rint by de kust lâns fan Portegal nei de Baltyske steaten.
De keatsferiening, K.V. Zurich hat syn fjild oan de Suderigge. Fierder hat it doarp in biljertferiening.
Op 1 jannewaris 1830 hie it doarp 152 ynwenners. Troch de oanlis fan de Ofslútdyk naam it ynwennertal ta, en yn 1958 wennen der 340 minsken. Sûnt de wei nei de Ofslútdyk net mear troch it doarp rint, is it ynwennertal wat ôfnomd. In basisskoalle dy't yn 1986 boud waard, moast tsien jier letter sluten wurde troch te min bern.
Ald Mar, Fabryksstrjitte, Fiadukt, Goaiumerwei, It Leech, Ottenbuortsterleane, Caspar de Roblesdyk, Skoallestrjitte, Stienleane, Suderigge, Tsjerkestrjitte.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.