Tjaard Anne Marius Albert van Humalda van Eysinga

From Wikipedia, the free encyclopedia

Tjaard Anne Marius Albert van Humalda van Eysinga
Remove ads

Jonkhear Tjaard Anne Marius Albert van Humalda van Eysinga (Ljouwert, 5 jannewaris 1869 - De Haach, 21 jannewaris 1946), gauris ôfkoarte ta jhr. T.A.M.A. van Humalda van Eysinga, wie in Frysk abbekaat, boargemaster en oersetter.

jhr. Tjaard Anne Marius Albert van Humalda van Eysinga
politikus
Thumb
Portret fan Jonkheer Mr. Tjaard Anne Marius Albert van Humalda van Eysinga makke troch Thérèse Schwartze
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum5 jannewaris 1869
berteplakLjouwert (Fryslân)
stjerdatum21 jannewaris 1946
stjerplakDe Haach (Súd-Hollân)
etnisiteit Frysk
Boargemaster fan Dimter
amtsperioade19141929
foargongerWillem Hendrik Feije baron van Heemstra
opfolgerFrederik Willem Reinhard Wttewaall
jhr. Tjaard Anne Marius Albert van Humalda van Eysinga
wurkpaad
berop/amtabbekaat, politikus
aktyf asoersetter
bekendste
  wurk(en)
Kening Oidipous
Phormio

Yn 1923 kaam fan him ûnder de titel Kening Oidipous: Treurspil fen Sophokles, by Brandenburgh, Boschma & Co. te Snits in fertaling út fan Sofoklês syn Aldgrykske trageedzje Οἰδίπους Τύραννος (Oidipous Tyrannos), dy't earder al ôfprinte wie yn it tydskrift It Heitelân. Yn 1940 brocht er fierders noch (ûnder deselde titel) in oersetting út fan 'e Latynske komeedzje Phormio, fan 'e Romeinske toanielskriuwer Terentius.

Hy wie in soan fan Idzerd Frans van Humalda van Eysinga (1843-1907) en wie ûnder oaren boargemaster fan Dimter.

Remove ads

Wurk

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads