Taast
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
De taast of taastsin, ek: somatosensoaryske waarnimming of somatosensoaryske persepsje, is it fermogen fan in organisme om oanrekking of druk gewaar te wurden. It is ien fan 'e fiif klassike sintugen, njonken it gesichtsfermogen, it gehoar, de rooksin en de smaak. It waarnimmen mei de taast hjit fielen. It orgaan wêrmei't men fielt, is de hûd (sawol fan útwindige lichemsdielen as fan bygelyks de tonge). De taast is ien fan 'e wichtichste sintugen; dêrom seit men dat men dingen "op 'e taast" docht as it gesichtsfermogen weinommen is troch bygelyks tsjuster.

Remove ads
Funksje fan 'e taast
De wichtichste funksje fan 'e taast is it jin letterlik ferbûn fielen mei de alomfetsjende fysike wrâld. Yn 'e mande mei oare sintugen dy't it organisme de romtlike posysje fan syn lichem waarnimme litte, benammen it gesichtsfermogen, de evenwichtssin en de propriosepsje (it gefoel foar selsbeweging en lichemsposysje), makket dat it foar in organisme mooglik om him yn syn om-en-by te oriïntearjen.
In oare funksje fan 'e taast is dat it by yntimiteit it organisme by steat stelt om him ferbûn te fielen mei soartgenoaten. Yn 'e minsklike kontekst kin dan tocht wurde oan fûstkjen, earmke-om rinnen, tsjininoar oan sitten, it lizzen fan in hân op immens skouder of noch yntimer: by streakjen, knuffeljen, frijen en it hawwen fan seksuele omgong. Mar it kin ek gean om in utering fan ôfkear, lykas by it fuorttriuwen fan in oar. Foar in part is soks ek fan tapassing op oanrekking fan jinsels of fan in libbenleas foarwerp, lykas in knuffelbist.
It wurd 'fielen' wurdt trouwens ek brûkt foar it oanfielen fan 'e temperatuer (termosepsje) en fan pine (nosisepsje). Dat binne dan wol ek benammentlik yn 'e hûd leine sintugen, mar mei hiel oare funksjes as de taast, en tarist mei eigen spesjalisearre reseptors. Fierders wurdt 'fielen' ek brûkt foar it ûndergean fan psychyske gewaarwurdings: dy't gefoelens of emoasjes neamd wurde.
Remove ads
Wurking fan 'e taast
Ferskate spesjalisearre reseptors en senuwúteinen, dy't yn of flak ûnder de hûd lizze, stjoere prikels oer de sensaasjes dy't se waarnimme nei de harsens. Fral it sensoarysk projeksjegebiet is belutsen by de ferwurking fan taastprikels.
De taast- en drukreseptors befine har oeral yn 'e hûd, allinnich binne se net lykmjittich ferdield oer it lichem. By minsken sitte der yn 'e fingers, fuotten, lippen en op 'e tonge bygelyks in hiel protte sensoaren, wylst der yn 'e hânpalm, op 'e rêch en yn 'e mûle oan 'e binnenkant fan it wang yn ferhâlding mar in bytsje sitte. Der besteane fierders fazyske taastreseptors, dy't fral gefoelich binne foar feroarings yn druk, en toanyske taastreseptors dy't sinjalen útstjoere salang't de prikel oanhâldt. Dy lêsten sitte bygelyks om it hert hinne, dêr't se de bloeddruk registrearje.
Remove ads
Soarten taktile prikels
Der kin in yndieling makke wurde yn fjouwer ûnderskate soarten taktile prikels (gefoelsprikels), dy't alle fjouwer ek spesjalisearre reseptors yn 'e hûd hawwe.
Lichte oanrekking
Lichte oanrekking wurdt op 'e ûnbehierre dielen fan 'e hûd waarnommen troch it saneamde taastlichemke fan Meißner. Dêrby giet it om prikels dy't û.m. ferwurke wurde by it útoefenjen fan fynmotoaryske taken troch it oangeande organisme. De fine taast kin test wurde troch mei in topke watten sêftkes oer de (ûnbehierre) hûd te streakjen. De testpersoan moat dêrby de eagen tichtdwaan en de oanrekking befêstigje.
Oanhâldende oanrekking
Oanhâldende oanrekking wurdt waarnommen fia de saneamde skiif fan Merkel. Taktile senuwúteinen fan dat type binne stadich adaptyf, wat sizze wol dat se noch lang trochgeane mei it ôffjurjen fan har pulsen nei de harsens nei't de oanrekking begûn is. Dêr hat men ferlet fan om jin bewust te bliuwen fan in duorjende oanrekking.
Fibraasjes
Fibraasjes (trillings) en flugge fariaasjes yn druk wurde ferwurke troch it druklichemke fan Vater-Pacini. Dêrmei kin in organisme bgl. it skodzjen fan in ierdbeving gewaarwurde, mar de minske kin der yn 'e hûd ek de trillings fan 'e bas fan in tige lûd ynstelde lûdsynstallaasje mei oanfiele.
Druklichemkes fan Vater-Pacini befine har yn 'e hânpalmen, fuotsoallen, geslachtsorganen en spiennen, wat suggerearret dat se ek in wichtige rol spylje by seksuele stimulaasje en wannear't froulju in poppe it boarst jouwe. Fierders komme sokke lichemkes ek in protte foar by ynwindige organen en yn it bynweefsel om knieren en spieren hinne, dêr't se flugge feroarings en trillings registrearje en belutsen binne by de propriosepsje.
Bestrutsen hûd
It bestriken fan 'e hûd wurdt registrearre troch de peritrichale senuwen. Dat binne senuwúteinen dy't om 'e hierfollikels hinne draaid sitte. It gefoel dat dy peritrichale senuwen feroarsaakje, is dúdlik op te wekjen troch tsjin 'e natuerlike stân fan it hier yn te striken.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads
