Trani
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
Trani is in stêd oan 'e Adriatyske See yn 'e Italjaanske regio Apûlje en tegearre mei Barletta en Andria de haadstêd fan 'e nije provinsje Barletta-Andria-Trani. De stêd ûntstie yn 'e tredde iuw f.Kr. ûnder de namme Tirenum. De Normandjers brûkten de stêd as útfalsbasis foar harren ekspedysjes nei it easten.
De âlde stêd is karakteristyk mei paleizen, tsjerkjes, smelle stegen en pleinen. De gebouwen binne fan ljochte kalkstien, dy't yn 'e grotten fan 'e stêd wûn waard.
Remove ads
It besjen wurdich

In moai foarbyld fan Apûlyske romaanske arsjitektuer is de yn 1099-1143 boude en oan Marije wijde katedraal fan Trani. De katedraal leit fuort oan 'e see.
It Castello Svevo (Swabyske kastiel) leit fuort oan 'e Adriatyske kust. It is in fort dat yn 'e jierren 1233-1249 boud waard ûnder it bewâld fan keizer Freark II. Hjoed-de-dei is it in museum.
De Scolanova Synagoge yn 'e joadske wyk is ien fan 'e seldsume midsiuwske synagoges, dy't weromjûn is oan 'e joadske mienskip. Trani hie eartiids ien fan 'e grutsste joadske gemeente fan Súd-Itaalje. De joadske wyk is sels ek ynteressant mei âlde hûs en smelle stegen.
It Monastero di Santa Maria di Colonna mei de romaanske tsjerke leit op 'e Capo Colonna. It wie oant yn 'e 19e iuw bewenne en leit likernôch 2 km fan it sintrum.
Remove ads
Ofbylden
- Monastero di Santa Maria
- Scolanova Synagoge.
- Palezzo Caccetta.
- Haven.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Trani fan Wikimedia Commons. |
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads
