Utert (provinsje)

From Wikipedia, the free encyclopedia

Utert (provinsje)
Remove ads

Utert (Nederlânsk: Utrecht) is in provinsje fan Nederlân, dy't as sadanich bestiet sûnt 1814. It hat 1.408.878 ynwenners (1 jannewaris 2025, boarne: CBS), en in oerflak fan 1.560 km².

Fluch de feiten
Thumb
Utert (2019)
Remove ads

Geografy

Utert is de lytste provinsje fan Nederlân. Yn it flakke westen fan de provinsje leit in grut feangreidegebiet, yn it easten leit de Utertske heuvelrêch mei stowâlen, bosken en greiden. Yn it noardwesten fan de provinsje lizze ferskate wettergebieten lykas de Loosdrechtse Plassen en de Vechtstreek.

De provinsje leit sintraal yn Nederlân en grinzet oan de provinsje Súd-Hollân yn it súdwesten, Noard-Hollân yn it noardwesten en Gelderlân yn it easten en suden. De stêd Utert leit yn it midden fan de provinsje mei forinzeplakken lykas Nieuwegein en Houten. Eastlik fan de heuvelrêch lizze de grutte plakken Amersfoart en Veenendaal.

Remove ads

Untjouwing ynwennertal

  • 1850 – 153.000
  • 1900 – 254.000
  • 1960 – 677.000
  • 1980 – 895.000
  • 2000 – 1.108.000
  • 2020 – 1.355.000
  • 2025 – 1.409.000

Gemeenten

Utert bestiet sûnt 2011 út 26 gemeenten.

  1. Amersfoart
  2. Baarn
  3. Bunnik
  4. Bunschoten
  5. De Bilt
  6. De Rûne Feanen
  7. Fiifhearelannen
  8. Houten
  9. Eemnes
  10. Iselstein
  11. Leusden
  12. Lopik
  13. Montfoort
  1. Nieuwegein
  2. Oudewater
  3. Renswoude
  4. Rhenen
  5. Seist
  6. Soest
  7. Stichtske Fecht
  8. Utert (haadstêd)
  9. Utertske Heuvelrêch
  10. Veenendaal
  11. Woudenberg
  12. Woerden
  13. Wyk by Duerstede

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads