VVV

From Wikipedia, the free encyclopedia

VVV
Remove ads

De VVV (in Nederlânsktalige ôfkoarting foar Vereniging voor Vreemdelingenverkeer, "Feriening foar Frjemdlingeferkear") is in Nederlânske organisaasje dy't him taleit op it oanfiterjen en fasilitearjen fan toerisme en rekreaasje. De regionale ôfdieling fan 'e VVV foar de provinsje Fryslân is VVV Fryslân.

Thumb
De VVV-fêstiging foar it Sintraal Stasjon oer yn Amsterdam.
Fluch de feiten
Dizze side giet oer de organisaasje ta promoasje fan toerisme. Foar oare betsjuttings, sjoch: VVV (betsjuttingsside).
Remove ads

Organisaasje

De VVV bestiet út in lanlike koepelorganisaasje, VVV Nederlân, dêr't pleatslike en regionale VVV's, lykas VVV Fryslân, by oansletten binne. Dy pleatslike of regionale buro's binne gearwurkingsferbannen fan pleatslike of regionale rekreaasjebedriuwen en -ynstânsjes, dy't bedoeld binne om safolle mooglik toeristen en rekreänten nei harren stêd of streek te lokjen. De VVV wurdt finansierd de ferkeap fan saken dy't toerisme en rekreaasje fasilitearje, lykas lânkaarten, plattegrûnen, reisgidsen, kadobonnen en sûvenirs. Dêrnjonken drage sawol de dielnimmende bedriuwen as de fertsjintwurdige gemeenten finansjeel by oan 'e aktiviteiten fan 'e VVV.

Remove ads

Skiednis

It earste VVV-buro waard yn Nederlân yn 1885 oprjochte yn Falkenburch, yn Súd-Limburch. Yn 1910 bestiene der yn it hiele lân al 88 ôfdielings fan 'e VVV, wêrby't yn totaal 429 fêstigings oansletten wiene. Dêrnjonken wiene der ek noch 11 regionale buro's. De hiele organisaasje waard doe draaiende holden troch 1.300 wurknimmers en 1.000 frijwilligers.

Oare lannen

Yn oare lannen besteane soartgelikense organisaasjes as de VVV. Sa wurdt yn Flaanderen deselde rol ferfolle troch Toerisme Flaanderen, en hat Dútslân it Verkehrsamt.

Keppelings om utens

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads