Vickers Wellesley
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
De Vickers Wellesley wie in lichte Britske bommesmiter út 1935.

Remove ads
Bou
De romp en fleugels wiene makke as in geodetyske konstruksje fan aluminium spanten, bespand mei linnen. As motor waard in 925 PS Bristol Pegasus-XX tapast.
RAF
De RAF bestelde 176 tastellen, dy't oant 1938 levere waarden.
By it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich wie it tastel al tige ferâldere, dat it waard mear brûkt oan it Jeropeeske front. Wol hat de Wellesley fan 1940 oant 1942 yn Afrika, Egypte en it Heine Easten operasjoneel west.
Lange-ôfstân
Twa, mei ekstra brânstoftanks útriste en streamline, Wellesleys waarden ferneamd doe't der yn 1938 in lange-ôfstâns-flecht mei dien waard. Op 5 novimber 1938 fleagen twa Wellesleys sûnder stoppen yn twa dagen fan Egypte nei Darwin yn Austraalje. Dit wie in rekord; de ôfleine ôfstân wie 11.525 km.
Technyske feiten
Der binne 8 farianten fan de Wellesley produsearre.
Remove ads
Keppeling om utens
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads