Videorama

From Wikipedia, the free encyclopedia

Remove ads

Videorama GmbH is in Dútske pornografyske filmstudio dy't fêstige is yn Essen, yn 'e dielsteat Noardrynlân-Westfalen. It bedriuw bestiet yn syn hjoeddeiske foarm sûnt 1983, doe't it ynklusyf de merknamme "Videorama" oernommen waard troch de Dútske pornogigant Silwa, dy't dêrmei as doel hie om syn oandiel yn 'e merk fan bylddragers fuort te sterkjen. Sûnt hat Videorama him ûntjûn ta de wichtichste ymprint fan Silwa, en tsjintwurdich is it mei Magmafilm ien fan 'e beide bekendste en grutste spilers yn 'e Dútske pornoyndustry.

Fluch de feiten

Op it mêd fan 'e distribúsje fan pornografyske dvd's en cd-roms heart Videorama boppedat ta de grutste oanbieders fan Jeropa. Yn 'e Dútsktalige lannen hat it bedriuw syn eigen distribúsjesysteem. It docht ek de distribúsje yn Dútslân foar de Nederlânske studio Video Art Holland, better bekend ûnder de namme fan syn wichtichste ymprint, Club Seventeen. Yn 'e rest fan Jeropa lit Videorama syn publikaasjes distribuëarje troch oare filmstudio's, dêr't it datoangeande in oerienkomst mei sletten hat. De eardere Dútske pornoaktrise Gina Wild hat by Videorama karriêre makke.

Remove ads

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads