Walibi Holland
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
Walibi Holland is in attraksjepark, lizzend yn Biddinghuizen (gemeente Dronten) yn de Nederlânske provinsje Flevolân. Foarhinne hjitte dit park "Walibi World", dêrfoar "Six Flags Holland", dêrfoar "Walibi Flevo", wylst it park starte as "Flevohof".
Under de namme de "Flevohof" is it park begûn as buorkerijpark dêr't stedslju yn 'e kunde komme koene mei de lânbou. Oarspronklik soe it park yn Lelystêd fêstige wurde. Doe't de "Flevohof" yn 1991 fallyt gie, waard it terrein oernaam troch de "Walibi Group" en bouden it terrein nei it seizoen 1992 om ta "Walibi Flevo" dat yn 1994 iepen gie. Dizze groep waard yn 1998 oernaam troch "Premier Parks" en it park feroare yn 2000 yn "Six Flags Holland". Fan seizoen 2005 oant en mei seizoen 2011 wie it park bekend ûnder de namme "Walibi World". Sûnt seizoen 2012 hjit it park "Walibi Holland". De measte attraksjes, wêrûnder in protte achtbanen en oare "thrill rides", binne boud yn de "Walibi Flevo"- en "Six Flags"-perioade.
Op it njonkenlizzende eveneminteterrein, oarspronklik ûntwikkele troch Skouting Nederlân foar de Europeeske Jamboree fan 1994, en de Wrâldjamboree fan 1995. Organisearre hja ek de Nasjonale Jamboree fan 2000, en ek de "Scout-Ins" fan 1990, 1992, 1995 en 1997 (in twajierliks wykeinvenemint foar frijwilligers fan Skouting Nederlân.). Ek waarden der alle jierren de "Scouting Fundays" organisearre. Yn 2015 waarden dizze hâlden yn Duinrell. Fierder is it sûnt 1993 de lokaasje fan it muzykfestival "Lowlands". sûnt 1996 fan de "kristlike konferinsje Opwekking", en sûnt 2003 hat it dancefestival "Defqon.1" hjir plak, yn 2007 waard it metalfestival "Fields of Rock" hjir organisearre.
Sûnt 2022 wurd it terrein ek regelmatig ynset om winterdeis Asylsikers op te fangen. Dêrfoar wurd dan troch it Sintraal Orgaan opfang asylsikers mei needgebouwen in asylsikersintrum boud, dat yn de maaitiid wer fuorthelle wurd.
Remove ads
Ferneamde Attraksjes
Remove ads
Sjoch ek
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads