Warns
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
Warns is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Oant 2011 lei Warns yn de eardere gemeente Nijefurd. It is in lintdoarp dat fan it Johan Frisokanaal yn it noarden oant Laaksum by de Iselmar yn it suden rint. Troch dy lizzing is de wettersport foar Warns fan grut belang, benammen de jachtbou.
| |||||
Gemeente | Súdwest-Fryslân | ||||
Ynwennertal (2011) | 796 | ||||
Webstee | site Webstee fan Warns |
Ta it gebiet fan Warns hearre ek de buorskippen Laaksum en Skarl.
Yn de Midsiuwen wie hjir ek noch it doarp en kapel Kappenburch, dat letter opgien is yn de Warnser Noarderbuorren.
De namme komt ek foar as Wardesle, Waene, Werlize, Warrdelze en Waerlenze. Men tinkt by Warns al gau oan de Slach by Warns (1345). Eartiids stie hjir de stins, Sydtsmahûs, fan Jelmer Ottes Sytzama (boaske mei Ats Bonninga), en doe't Douwe Geales Galema yn 1490 hjir ek in stins bouwe liet wie der spul: De earste wie Skier, de oar wie Fet. Dat hat duorre oant Galema de stins fan Sytzama wûn en ôfbrekke liet.
Yn de 17e en 18e iuw wie Warns in doarp fan seelju. Sa hat Warns oan it begjin fan de 18e iuw, noch 8 grutskipperswenten, wenten fan kapteins. Dy kapteins fearen nei Noarwegen en nei de Eastsee. Yn de 19e iuw gong skipfeart mear nei Hollân en doarpen as Warns rûnen tebek.
It doarpskultuerhûs yn de eardere gereformearde tsjerke út 1892 hjit De Spylder. It doarp hat ien feriening Doarpsbelang mei Skarl & Laaksum. Der rydt in buertbus en der is in postagintskip. Warns hat twa skoallen, De Skoalfinne en De Totem en it pjutteboartersplak hjit Us Stee. Der binne fiif buertferienings: B.V. 95 ('t Noard), Ald en Nij (Boppelâns), Meiïnoar ien (Janke Trompstrjitte en Kapelstrjitte), De Middenkrite en Fan See tot Zee. Begjin july wurdt yn Warns en omkriten de triatlon De Frysman holden.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.