William Henry Christman

From Wikipedia, the free encyclopedia

Remove ads

William Henry Christman (Pocono Lake (Pennsylvania), 1 oktober 1843Washington, D.C., 13 maaie 1864) wie in Amerikaansk soldaat dy't yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch focht. Hy is bekend wurden om't er de earste persoan wie dy't begroeven waard op it nije Nasjonaal Begraafplak Arlington.

Fluch de feiten
Remove ads

Libben

Christman wie in sljochtwei arbeider út Pocono Lake, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, dy't berne wie yn 1843. Hy naam op 25 maart 1864 tsjinst yn it Noardlike Leger, om yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch tsjin 'e Súdlike Konfederearre Steaten fan Amearika te fjochtsjen. Op 1 maaie, fiif wiken letter, waard er mei de mûzels opnommen yn it Lincoln General Hospital yn Washington, D.C., dêr't er op 11 maaie kaam te ferstjerren. Christman waard tweintich jier âld. Twa dagen dêrnei, op 13 maaie 1864 wie hy de earste persoan dy't beïerdige waard op it nije Nasjonaal Begraafplak Arlington. Troch it wurk fan histoarikus Rick Bodenschatz is koartby syn libbensferhaal bekend wurden.

Remove ads

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads