Wynread

kleur From Wikipedia, the free encyclopedia

Wynread
Remove ads

Wynread is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in dûnkere tint fan read. It kin ek omskreaun wurde as in pearzich read. De namme ferwiist nei wyn, dêr't dizze kleur fan ôflaat is. It ierst dokumintearre gebrûk fan 'wynread' as kleuroantsjutting datearret (yn 'e Ingelske foarm wine) fan 1705. Wynread wurdt faak betize mei bordeauxread, dat lykwols in oare readtint is.

Thumb
In glês wyn.
Fluch de feiten
Remove ads

Kleurtechnyk

By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is wynread in tertiêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch ferminging fan alle trije primêre kleuren (read, blau en grien). By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it ek in tertiêre kleur, dy't yn teory produsearre wurdt troch it fermingen fan 'e primêre kleuren syaan, maginta en giel. Yn 'e praktyk wurdt lykwols swart tafoege yn it stee fan syaan, om't dat bettere resultaten jout.

Remove ads

Besibbe tinten

wynread #722F37                         
claretread #7F1734       
boergonje #800020       
bordeauxread #800000       
wyngrom #673147       

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads